Waarpraatsje: meast drûch en net al te waarm

july 19, 2023 19:43

Foto © Jan Brinksma

Jûn is hjir en dêr de loft wat berûn. De noardwestewyn is matich.

Fannacht fariearret de temperatuer fan 15 graden oan de kust oant fierder op plakken it fêstelân yn 9 graden. Der is suver gjin wyn, by de kust lâns wat mear.

Moarnier is it skier, mar it sil op de measte plakken drûch bliuwe. It waait net bot, mar yn it Waadgebiet is de westewyn wat krêftiger.
Moarntemiddei is der sinne der út en troch by en it bliuwt drûch. De temperatuer op it Waad leit op 18 graden en op fêstelân rint er op nei sa’n graad of 21. De matige wyn is westlik.
Moarntejûn binne in pear buien net útsletten en is der net folle wyn.

Foar de kommende dagen wurdt ferwachte dat it waar wat hinne en wer is en dat it wat fris foar de tiid fan it jier wurdt. Snein en moandei sil it tydlik wat waarmer wêze.

july 19, 2023 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.