Ut it libben fan Japik Ingberts (ferhaal)

july 22, 2023 10:00

Yn it lêst fan de 18e iuw libbe der yn Fryslân in grut skarlún. Japik Ingberts wie syn namme. Hy moat earne yn de Fryske Wâlden wenne ha, mar nimmen wit wêr’t dat no krekt wie. Mar hoe’t it ek wêze mei, der binne in soad ferhalen oer him te fertellen.

Japik wie in betûfte en linige keardel. Sels in koets mei twa hynders derfoar wie net feilich foar him. Hy sprong boppe oer de kape hinne en bedarre sa by de fuorman op it foarbankje. It folk yn de koets doarde fan kjellens gjin fin mear te reppen en Japik pakte handich harren hawwen en hâlden ôf. As er dan alles wat him noaske yn de bûse hie, sei er harren in freonlik ‘oant sjen’ en fuort wie er wer.

Yn de stêd koe er bytiden de minsken ek ferrifelje. Der giet in ferhaal oer hoe’t er in grouwe boerinne, dy’t foar in sulversmidswinkel stie te sjen, it gouden earizer fan de holle skuorde en doe’t op har geskreau foarbygongers en in plysje op him ôf kamen, hy oer de grêft sprong as wie it in greppeltsje, en doe hurd útnaaide.

Op in freed dangele der wat yn de stêd om. Doe’t er in bakker foar de winkeldoar stean seach mei sa’n swier blinkend horloazjeketting foar it liif, trêde er de winkel yn en easke in grouweten bôle, mar doe’t de bakker der in papier om dwaan woe, sei er sabeare bleu: “Nee baas, dat hoecht net. It is hjir eins om in grap te dwaan dêr’t ik net folle aardichheid mear oan ha, no’t it safier is. Mar ik wol dochs myn weddenskip dat ik wol mei in bôle fan efteren ûnder it kammisoal troch de stêd rinne doar net ferlieze. En no sil de baas dy bôle der fêst wol efkes by my ûnder triuwe wolle.” Tagelyk bûgde er him oer de toanbank foaroer en wylst de bakker oer him hinne hong, om him it kammisoal op te tillen, heakke er bedaard it moaie ketting los en liet dat, mei it swiere horloazje deroan, stil yn syn boksbûse delglide.

De bakker treau him de bôle lyk midden op ’e rêch, sadat der in moaie rûne bult kaam te sitten en hy skattere it út doe’t it boerke mei in ferlegen troanje oer it skouder nei dat wûnderlike útwaaks gluorke en doe de winkel út trêde. Hy skattere krekt salang’t oant Japik de neiste hoeke om wie. Mar doe wie de wille gau oer. De plysje waard derby roppen, mar hoe’t se ek sochten, Japik wie nearne te finen. Hy wie Ljouwert al lang út.

Om alle fiten dy’t er úthelle, waarden der twa betûfte Ljouwerter fjildwachters oansteld om him op te spoaren. Mei twa hynders foar de wein rieden dy grutmachtich de Hoeksterpoarte út. Elkenien dy’t harren yn ’e mjitte kaam, fregen se oft se Japik Ingberts ek sjoen hiene. Yn it begjin joech dat net folle, mar doe’t se yn in lyts herberchje oanstutsen, kaam dêr in ienfâldich wâldboerke del yn in skieppegrauwen baitsje en hoazzen oan de fuotten, dy’t sei dat hy wol wist hoe’t Japik derút seach en frege oft er in eintsje meiride mocht. Dat like de fjildwachters skoan ta en it boerke ried mei oan de Hege Brêge ta, sûnder dat se wat fan Japik fernommen hiene.

Doe woe er der wol wer ôf, sei er, en se hiene noch mar krekt stilholden of hy wie al fan de wein ôf en sprong oer de brede feart hinne. Oan de oare kant rôp er gnyskjend: “Sjesa freonen, no hawwe jimme Japik Ingberts sjoen, mar jimme sjogge him net wer, leau dat mar!” En ear’t de ferbjustere tsjinners fan de wet wer by har sûp en stút wiene, spile Japik al lang fan ruten, nei’t er, om harren te húnjen, himsels earst noch op ’e kont slein hie.

Japik Ingberts en de eksteurs. Tekening J. Mulders

Japik moat ek noch op ’e Koatstertille wenne ha, dêr’t er in winkeltsje hie. Op in sneontejûn wie it Tilster fearskip mei in soad boadskippen út de stêd oankommen. Dêr wie ek in fet mei sjerp foar in winkelman út Twizel by, mar doe’t dy syn sjerp ophelje soe, wie it der net. Om’t Japik de namme hie dat er wolris in oar syn guod meinaam, waard der al gau ornearre dat dy dêrmei ôfset wie. De oare deis kamen de grytman en twa tsjinners en noasken de boel by Japik tige troch. It fet wie net te finen, mar der stie wol in amer mei sjerp. In skoftsje letter moast Japik dêrom foar it gerjocht yn Ljouwert komme. Der wiene twa tsjûgen dy’t oan de rjochter fertelden dat se de sneontejûns by Japik gjin sjerp krije kinnen hiene, mar oaren hiene sneintemoarns wol sjerp krige.
“Sjoch”, sei Japik, “dy lju dy’t sneontejûns kamen, hiene gjin jild en dan krije se by Japik ek gjin sjerp. Dy man dy’t sneintemoarns kaam, koe it wol betelje en dy krige fan Japik wol sjerp. De hearen ha gjin ferstân fan de sjerpnegoasje.” En Japik waard frijsprutsen.

As Japik fan doel wie om wat te stellen, hie er de fêste gewoante om tsjin bêdgeanderstiid nei bûten te gean, mei de broeksbannen los, om dan in praatsje mei de buorlju te meitsjen. Dan winske er harren in goede nacht en die krekt as soe er op bêd gean. Mar as by de buorlju alles tsjuster wie, makke er syn broek wer fêst en sette er de nacht yn. As der dan nachts earne wat stellen wie, seine de buorlju: “Dat kin Japik net west ha, want dy lei al op ’e tiid op bêd.”

Boarne: For Hûs en Hiem, 1888
Letter ek ferskynd yn S.J. van der Molen, Frysk Sêgeboek (1934-1943)
Neiferteld troch Jangerben Mulder
july 22, 2023 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.