Untboskjen Amazône mei in tredde ôfnommen sûnt oantreden Lula

july 11, 2023 08:23 Fernijd

It ûntboskjen fan it Amazônereinwâld is yn ’e earste seis moanne fan de amtstermyn fan de Braziliaanske presidint Lula ôfnommen yn ferhâlding ta deselde perioade ferline jier. It giet om goed 33 persint minder.

Foto: pixabay.com

De sifers binne basearre op satellytbylden fan in wittenskiplike oerheidsynstelling. Yn in healjier tiid blykt sa’n 2649 kante kilometer oan reinwâld kapt te wêzen. Dat is likernôch safolle as it oerflak fan de provinsje Drinte. Ferline jier gie it yn deselde rite om sawat 4000 kante kilometer. Ofrûne juny wie it sels 41 persint minder yn ferliking mei ferline jier. Juny is in moanne dêr’t gewoanwei in protte yn kapt wurdt omdat dan it drûge seizoen begjint.

Twa miljard beammen kapt
Under it presidintskip fan Lula’s foargonger, de uterst rjochtse Bolsonaro, waarden folle mear parten fan it Amazônewâld kapt, om plak te meitsjen foar lânbougrûn. De ôfrûne fjouwer jier waard sa’n tachtich persint mear kapt as yn de jierren derfoar. It regear-Bolsonaro snie flink yn it budzjet tsjin yllegaal ûntboskjen. Under syn bewâld waarden op syn minst twa miljard beammen kapt, besifere in Braziliaansk ûndersyksburo. Der wiene mear boskbrannen en it geweld tsjin miljeuaktivisten, ynlânske lieders en sjoernalisten yn it Amazônegebiet naam ta.

Dy trend besiket Lula no te kearen. It behâld fan it reinwâld wie ien fan de grutte tema’s mei de ferkiezingen ôfrûne hjerst. In pear moanne nei syn ferkiezingswinst op Bolsonaro joech Lula gefolch oan dat ûnthjit: hy stjoerde wapene oerheidspersoniel op yllegale goudsikers yn it reinwâld ôf. In moanne lyn presintearre Lula in plan dat yn 2030 oan yllegaal ûntboskjen yn de Amazône in ein meitsje moat. Der wurdt mear ynvestearre yn it opspoaren fan miljeumisdriuwen. Mei help fan satelliten sil it regear stranger tafersjoch hâlde en yllegale praktiken as houtkappe, mynbou en feehâlderij opspoare.
Lula erkende ek seis regio’s, benammen yn de Amazône, as ynlânsk territoarium. Dêrtroch kinne de gebieten better tsjin sokke praktiken beskerme wurde.

july 11, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.