Sprekoere foar archeologyske boaiemfynsten yn Frysk Museum

july 28, 2023 08:58

By it PAN-sprekoere op sneon 29 july kin men mear oer eigen boaiemfynsten ûntdekke. Yn it Frysk Museum steane saakkundigen Margot Daleman en Berna van Wijk klear om mei de finers ynbrochte foarwerpen te ûndersykjen, te fotografearjen en yn de databank fan PAN (Portable Antiquities of the Netherlands) te registrearjen.

Domburgfibula út 600-700 nei Kristus, fûn yn Swichum (foto: Marco Hulshof)

De lokaasje wurdt net sichtber makke en nei ôfrin giet de fynst mei werom, wer nei hûs ta. It sprekoere is fan 13.00 oant 16.00 oere en is fergees. Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei pan@friesmuseum.nl (mei foto fan de boaiemfynst). Mear ynformaasje stiet op friesmuseum.nl/panspreekuur.

It PAN-sprekoere wurdt spesjaal organisearre foar leafhawwers fan archeology dy’t der sels graach op út geane en yn Fryslân wat fûn hawwe. Nei registraasje is de ynformaasje oer it foarwerp en de lokaasje inkeld foar de finer en foar eventueel ûndersyk beskikber. It is net de iennige kear dat it museum in PAN-sprekoere organisearret, it earst dêrop folgjende PAN-sprekoere is op tongersdei 7 septimber. Wa’t bûten Noard-Nederlân wat fûn hat en net yn Noard-Nederlân wennet, kin op portable-antiquities.nl mear ynformaasje fine.

Oer de eksperts
Margot Daleman (1977) wurket sûnt 2016 by Portable Antiquities of the Netherlands as fynstregistrator en koördinator foar de regio Noard-Nederlân. Njonken har wurk by PAN is se frijwillich aktyf as metaalspesjalist, auteur en redakteur by Stichting Monument en Materiaal yn de stêd Grins.
Berna van Wijk is archeolooch en wurket ek by PAN as fynstregistrator foar de regio Noard. Sy wurket yn Grins en stipet mei in ploech oare archeologen graafwurksumheden yn de stêd.

july 28, 2023 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.