Skûtsjemuseum Earnewâld
Resint ferskynd
Noch efkes en dan begjinne meikoarten, yn augustus, de skûtsjesylwedstriden fan de SKS en de IFKS wer. Krekt as it keatsen, fierljeppen, hynstekeuring en sa binne dat de jierlikse hichtepunten, dy’t by Fryslân hearre.

Foto © Matthijs Verkuijl
It Skûtsjemuseum Earnewâld bestiet ûnderwilens al 25 jier. It jout net allinnich ynformaasje oer sa’n hûndert jier oan histoarje fan skûtsjes en skippers en materialen fan doedestiids, mar ek oer de hjoeddeiske striid tusken de ferskillende teams.

Foto © Matthijs Verkuijl
Der binne smûke praters mei moaie ferhalen oer eartiids, mar it is ek mooglik om in tocht troch it museum te meitsjen en ûnderwilens nei de mobyl te harkjen. Yn de filmseal en op ferskate plakken op de trije ferdiepingen binne in soad bylden te sjen. Bysûnder is ek de biblioteek mei alderhande boeken, ûnder mear oer skûtsjes en hoe’t yn de foarige iuwen it libben oan board wie.
It museum is ek foar bern nijsgjirrich, omdat it in lesprogramma foar skoallen hat oer Pake syn skûtsje. Sa komme de bern wat te witten oer de bou, de eigenskippen, de funskje fan foarhinne en fansels oer de wedstriden sels. En dat yn kombinaasje mei aktiviteiten lykas touknoopjen, besite oan de smid, sektillen en mêstwerpen.
Bûtendoar lizze wat skippen, mei as pronkstik de Aebelina, in bjusterbaarlik moai houten skûtsje, dat tusken 2004 en 2009 boud is neffens it oarspronklike model út 1861. Men kin it skip ek fan binnen besjen en sels op ôfspraak meifarre!
Koartsein in bysûnder museum dêr yn Earnewâld oan De Stripe 12, mei entûsjaste frijwilligers en de mooglikheid om kofje, tee en sa te drinken mei bygelyks in stik oranjekoeke.

Foto © Matthijs Verkuijl
De iepeningstiden binne te finen op www.skutsjemuseum.frl
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje