Simmerfakânsje yn Natuermuseum Fryslân: lêste kâns ‘T. rex in Town’
Resint ferskynd
De T. rex is noch yn ’e stêd, mar de ein fan de ekposysje komt yn sicht. De útstalling is noch de hiele simmerfakânsje te sjen, mar slút definityf nei 3 septimber.

Foto: Marcel van Kammen
Yn T. rex in Town stiet it bonkerak fan in ûnbidige T. rex sintraal. Dy waard troch de Fryske paleontolooch Anne Schulp, mei in ploech fan Naturalis Biodiversity Center yn Leien, opgroeven yn de Amerikaanske steat Montana. De bonken fan de T. rex fertelle in protte oer it libben fan it bist. Besikers kinne as echte paleontologen ferskate aspekten fan it bonkerak neier ûndersykje. Hja moatte lykwols ek yn aksje komme. Sa wurde se bygelyks útdage om harren T. rex-dûnsbewegingen út te probearjen, in fytstest te dwaan mei in baltende T. rex efter har oan en in dino te meitsjen mei digitale graffity.
Yn ’e simmerfakânsje binne der ferskate aktiviteiten om T. rex in Town hinne lykas Doch de dino (4 o/m 8 jier) en T. rex-spoar (fan acht jier ôf), dêr’t húshâldens oan ’e hân fan opdrachten mei-inoar troch de eksposysje geane. Hja kinne fossilen opgrave en by de Fertelkarre útsykje wat se krekt fûn hawwe. Op 16 augustus en 1 septimber komt Yasmin Grooters, paleontolooch by Naturalis, nei Ljouwert om yn it Iepen Atelier oan dinobonken te wurkjen. Besikers kinne meisjen en fragen stelle, Yasmin fertelt graach oer har grutte passy.
Nije famyljeprogramma’s
Fan ’t simmer begjinne twa nije famyljeprogramma’s. Met Supermus op Klus (5 oant tolve jier) is in programma dat bern troch it hiele museum fiert. Hja krije as echte doch-it-selsminsken in arkgurdel mei hammers en knyptangen en doch- en tinkopdrachten mei. It is in yntuïtyf programma, dat wol sizze: der is gjin fêste rûte, bern kieze harren eigen paad.
Bûten de museummuorren is ek in nije aktiviteit. It Ljouwerter Bosk-smartpaad (7 o/m 12 jier) is in speurtocht foar bern troch de Ljouwerter Bosk dêr’t se mei harren telefoan en in rêchsek op ’en paad geane. Mei de tocht kinne se oan ’e hân fan QR-koades oan ’e slach mei kennis- en dochopdrachten.

Foto: Marcel van Kammen
Preamfearten Natuermuseum-Ljouwerter Bosk
Op snein 5, 13 en 20 augustus biedt it museum, yn gearwurking mei Praamvaren Leeuwarden en de frijwilligers fan Het Rustpunt Buitencentrum Leeuwarder Bos, de mooglikheid om mei in pream nei de Ljouwerter Bosk te farren en dêr yn ’e kunde te kommen mei in unyk stikje natuer oan ’e râne fan de stêd. By it oanlisplak yn de Ljouwerter Bosk steane de frijwilligers fan it Rêstpunt klear om in rook- en smaakkuiertocht te begelieden of is der de mooglikheid om in geocache-speurtocht te dwaan. Kofje en tee steane klear.
Mear ynformaasje oer alle aktiviteiten is te finen op www.natuurmuseumfryslan.nl.
Praktysk
Yn july en augustus is it museum alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus ek moandeis. Yn de offisjele simmerfakânsjeperioade is der gjin fergeze tongersdei (dat betsjut dat de earstkommende fergeze tongersdei op 7 septimber is).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje