Sealterfryske film komt yn ’e bioskoop
Resint ferskynd
It Sealterfrysk komt yn ’e bioskoop. De filmmakkers fan Headlight Rendezvous yn Bad Salzdetfurth riede op it stuit de alderearste profesjonele Sealterfrystalige spylfilm ta.
Hja wurkje gear mei Bremedia produksje, dy’t ek ferantwurdlik is foar guon Tatort-ôfleveringen en in protte oare suksesfolle Dútske produksjes. De filmmakkers sels neame de film in western. It ferhaal spilet om 1900 hinne, doe’t de moderniteit yn it Sealterlân syn paad fûn.
It wurdt grif in spannende film, sa seit de Sealterfryske fertsjintwurdiger Henk Wolf, dy’t dwaande is mei it oersetten fan it senario, mar oer de ynhâld neat ferklappe wol. It senario foar de film waard skreaun troch de bruorren Felix en Daniel Giese. Op it ynternet is no in oankundigingsfilm fan acht minuten mei Dútske of Ingelske ûndertiteling te sjen. De film sels, dy’t no de wurktitel Saterland hat, sil sa’n njoggentich minuten duorje en komt yn 2024 yn ’e bioskoop. In protte Sealterlanners hawwe al meidien oan de tariedingen en de foarfilm.
De filmmakkers hawwe in protte gearwurke mei it Seeltersk Kontoor, it Seelter Buund en de gemeente Sealterlân. Margot Tameling, Stephan Dannebaum, Ingeborg Remmers, Lisa Fugel, Marion Erdmann, Thomas Otto, Henk Wolf en in protte oare Sealterlanners holpen by de finansjele, praktyske en taalkundige tariedingen.
Mear ynformaasje oer de film is te finen op de webside fan Rendezvous Headlight.
Besjoch de oankundigingsfilm:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje