Podcastsearje fan de Jongfryske Mienskip
Resint ferskynd
De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke. Dêryn prate de Jongfriezen mei sân gasten oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit.
De organisaasje hopet dat harkers der in soad harkwille oan belibje. Yn ’e auto, ûnder in kuierke of mei byld derby lekker op ’e bank: men kin it de Jongfryske Mienskip witte litte fia de sosjale media mei stekje: #JFMpodcast.
Yn de earste ôflevering is Esther Liano te gast. Dy is foaral bekend troch har prestaasjes as topamazône mei Fryske hynders yn ’e dressuer. It petear mei har giet fansels oer har grutte passy, it Fryske hynder. Mar ek oer har Frysk-Katalaanske identiteit, oer foaroardielen, de gefolgen fan de ‘stiktofflauwekul’ foar de hynstewrâld, oer hoe’t men tsjin alle advizen yn karriêre makket fan jins passy, ôfsiskultuer en woke, Oostvaardersplassen, Harekiten en noch folle mear.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje