Nijjiersrevu De Jouwer: July, op ’e hichte
Resint ferskynd
Bloch
Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (7)
Wa’t de siden fan de sosjale media fan Revu De Jouwer folget, is aardich op ’e hichte fan wat der him allegearre oangeande de revu ôfspilet. Sa binne bygelyks de ôfrûne wiken ús nije muzikaal lieder Omar Bakker en ús nije spilers, Remko Zijlstra en Wiep Ringnalda-Wiersma, oan ús folgers foarsteld.

Foto: Revuploech De Jouwer
Moai om te sjen dat sokke berjochten goed ûntfongen wurde: de wurden fan wolkom en sukseswinsken wiene net om ’e nocht. Wy sette hjir harren berjochten net nochris hielendal, dêr ferwize wy jo graach foar nei de saneamde sosjale pagina’s op Facebook, Instagram en Twitter.
Nee, op dit plak bringe wy jo graach as earste op ’e hichte fan eat dat wy noch net op de neamde siden publisearre hawwe. En dat is it tema, ek wol reade tried neamd, fan de 36e Nijjiersrevu. Wy hawwe der noch net in protte wurden om smoarch makke. Noch hast nimmen, bûten de revu’ers om, is op ’e hichte fan it tema. Dat hâlde wy altyd oant de simmer geheim.
Mar no is it sa fier. Elkenien mei it witte… It tema fan de 36e Nijjiersrevu is…. <<lûd fan in tromme>> …. (Op) (’e) hichte! Trije tema’s yn ien… No hawwe wy de hichte! Op hichte: bygelyks op it puntsje fan de Jouster toer as op ’e berch yn it park. Op ’e hichte: fan al it lêste Jouster nijs. Hichte: hichtefreze, hichtepunt hichterekôrs, hichtesykte en al wat noch mear. No binne jim allegearre op ’e hichte!
Wylst de kommende fakânsjewiken ús regisseur fan de stilte en de natuer yn Sweden genietet, in skriuwer in hege berch yn Eastenryk beklimt, in dekôrbouwer op it strân fan It Amelân leit, in muzikant heech troch de loft nei in oar kontinint fljocht en in spiler syn tinte yn it skaad fan in hege beam opset, laadt elkenien him op syn of har eigen wize foar wer in nij hichtepunt op: de 36e Nijjiersrevu.
Wy winske elkenien in moaie simmer(fakânsje). Oant ein augustus!
Folkeline Papjes, july 2023
Besjoch de skets ‘Dat ik in Jouster bin’ út de Nijjiersrevu fan 2019:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje