Nederlânske strannen heech op Europeeske ranglist populêrste strannen
Resint ferskynd
Foar de top 3 fan de populêrste strannen fan Europa reizgen de ûndersikers fan boekingsportaal Holidu nei Frankryk, Spanje en Portugal ôf. Dêr binne Omaha Beach, Playa de Las Canteras en Praia de Rocha ferkeazen. Fuort dêr efteroan, op plak 4, stiet Zandvoort aan Zee.

Strân yn Nederlân (foto: Holidu)
Zandvoort aan Zee, Egmond aan Zee en Noordwijk aan Zee binne tige populêr en in protte op sosjale media bepraat. Dy trije populêre strânbestimmingen fan Nederlân einigen heech yn de Europeeske list: op plak 4, 10 en 12. De top 20 fan populêrste strannen fan Europa is hjir te finen: www.holidu.nl/f/strandhuisjes#populaire-stranden.

Foto: Holidu

Algarve (foto: Holidu)
Undersyksmetoade
Foar Nederlân hat Holidu, op ’e siik nei de strannen mei de measte Instagram-hekstekken en de measte TikTok-besiten, 177 strannen analysearre. Dêrnei binne de ferskate kategoryen fan 1 oant 177 oardere en byinoar opteld. Uteinlik telt de leechste som fan beide kategoryen as bêste strân. Foar Instagram en TikTok is de namme fan it strân brûkt om de hekstekken en besiten te sammeljen. Yn gefallen dêr't de namme spesjale tekens befettet, waard de folsleine namme of de meast foarkommende namme brûkt.
Foar Europa hat Holidu sjoen nei de bêste strannen neffens Google Maps, troch nei de strannen mei de bêste beoardieling en op syn minst 500 beoardielingen te sjen. Dêrnei binne de strannen oardere op trochsneed beoardieling en it tal beoardielingen om in basislist as útgongspunt te meitsjen. Dêrnei binne de Instagram-hekstekken en TikTok-besiten meinommen troch de namme fan it strân as # te brûken. As de namme spesjale tekens befettet, waard de 'keale/folsleine' namme of de meast foarkommende namme brûkt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje