‘Nammen lesbyske memmen fan Italiaanske berte-akten helle’

july 23, 2023 08:17 Fernijd

Yn Italië binne de nammen fan net-biologyske lesbyske memmen fan de berte-akten fan harren bern ôfhelle. Dat kin fanwege nije wetjouwing fan it konservative regear-Meloni.

Foto: pixabay.com

Earder al waard buorkundich dat inkeld de namme fan de biologyske âlder noch op de berte-akte stean mei. Yn de noardlike stêd Padua binne no mei weromwurkjende krêft berte-akten oanpast. Justysje yn Padua hat oan CNN befêstige dat de nammen fan 27 memmen út 27 bertesertifikaten helle binne. It giet om de partners fan froulju dy’t yn it bûtenlân keunstmjittige ynseminaasje ûndergien hawwe en sa yn ferwachting rekke binne.

Troch de wiziging krije de net-registrearre âlden minder rjochten, skriuwt de nijsside. Sa hawwe se bygelyks tastimming nedich om aldendeiske taken útfiere te kinnen, lykas it bern út skoalle ophelje of út namme fan it bern fan publike tsjinsten gebrûk meitsje.

Adopsjeproseduere
Manljuspearen kinne ek net mear de nammen fan beide heiten registrearje litte. Hja moatte no kieze wa fan de twa as wetlike heit op de berte-akte fermeld wurdt. De twadde âlder moat east in adopsjeproseduere trochrinne om ek op de berte-akte te kommen. Fruchtberheidsbehannelingen foar homoseksuele pearen binne yn Italië noch hieltyd ferbean.

july 23, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.