Musk wol wer dingen oars by Twitter: fûgel fuort

july 25, 2023 08:18 Fernijd

Twitter-baas Elon Musk hat oankundige dat it logo fan it blauwe fûgeltsje fan Twitter ferfongen wurdt troch de letter ‘X’. Hy en Twitter-direkteur Linda Yaccarino sizze ek dat de namme X foar in part fan de tsjinst of sels de hiele tsjinst brûkt wurde sil.

Boarne: Twitter

Musk twittere al dagenlang ferhoalen oar de feroaring. Hy ferklearre altyd al wat mei de letter ‘X’ hân te hawwen. Sa hjit syn romtefeartorganisaasje SpaceX, en rjochte er yn 1999 X.com op, dat letter bekend waard as betelplatfoarm PayPal. Wa’t no x.com yntypt, komt op ’e webside fan Twitter út. Ferline jier liet Musk al witte dat syn oankeap fan Twitter in fersnelling fan de alles omfetsjende app X betsjutte, dy’t er kreëarje wol. Neffens nijsside The Verge soe er sneintejûn yn in e-mail oan Twitter-wurknimmers witte litten ha dat it bedriuw tenei X neamd wurdt.

Frou Yaccarino seit dat mei de oankommende logoferoaring ek in feroaring yn funksjonaliteiten komme sil, mar hja is net dúdlik oer wat dat krekt betsjut. “Twitter makke in grutte yndruk en feroare de wize fan kommunisearjen; no sil X fierder gean”, seit se. X wurdt neffens har in nij, globaal plak foar it ferhanneljen fan ideeën, guod, tsjinsten en kânsen.

Sûnt Musk Twitter yn oktober oernaam, hat er ûnder mear in part fan it personiel dien jûn, it tal tweets dat net-beteljende brûkers sjen meie beheind en de strange regels dy’t foar tweets jilden opheft. De lêste moannen ferrinne rûzich foar it platfoarm fan Musk. Sa soe bygelyks de helte fan de advertinsje-ynkomsten weifallen wêze, en waard it gebrûk beheind om it opnij brûken fan data tsjin te gean. Neffens de topman laat dat automatysk sammeljen fan grutte hoemannichten ynformaasje derta dat Twitter stadiger of ûnbetrouberder wurdt.

Konkurrint Meta kaam begjin dizze moanne mei it soartgelikense platfoarm Threads. Hoewol’t it in fleanende start belibbe, rûn it tal brûkers dêrnei flink tebek.

july 25, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bouke (Herr) Slofstra july 26, 17:20

    Wêrom hjit dy man dan Mosk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.