Museum Nagele ien op ien mei it Ryksmuseum

july 2, 2023 08:19 Fernijd

Foto: Match

Dit jier is it 25 jier lyn dat Museum Nagele iepene waard. De wikseleksposysjes fan dit jier stiene al yn it teken fan ’25 jier Museum Nagele’. As hichtepunt fan it jubileumjier is freed 30 juny de wikseleksposysje Museum Nagele 1 op 1 met het Rijksmuseum iepene.

Fan ’t simmer toane tolve musea, yn alle provinsjes ien, in topstik út it Ryksmuseum mei in besibbe topstik út de eigen kolleksje. Foar de provinsje Flevolân is Museum Nagele frege om mei te dwaan. Tolve skriuwers hawwe de moetingen ûnder wurden brocht yn it boek Match. Museum Nagele hat op syn bûtenterrein in klimtastel – in iglo – stean fan arsjitekt Aldo van Eyck. It Ryksmuseum hat spesjaal mei it each op de ferbining in klimbôge restaurearje litten. Dy klimbôge is no foar besichtiging oan Museum Nagele útleind .

Aldo van Eyck wie, útsein ûntwerper fan boartersplakken, ien fan de wichtichste nei-oarlochske arsjitekten. Hy hat foar Nederlân fan bysûndere betsjutting west en lit erfgoed nei dat koestere wurdt. Foar it boek Match hat Vincent Ligtelijn oer de bysûndere keppeling fan Museum Nagele in bydrage skreaun. Ligtelijn is arsjitekt en brocht de nedige publikaasjes út, ûnder oaren twa monografyen oer Van Eyck, sawol oer syn wurk as oer syn teksten.

Foto: Museum Nagele

Yn opdracht fan de gemeente Amsterdam ûntwurp Van Eyck nei de oarloch mear as 700 boartersplakken. Tuorren, klimkoepels, trachters en dûkelrekken – tastellen dy’t sterk opinoar lykje, ûnder mear troch de geometryske foarmen. In sânbak en in groep fan rûne betonnen blokken om oer en wer te springen. Objekten dy’t in iepen funksje hawwe en dêrtroch de fantasy fan bern yn beweging brocht. Bern, en eins de minske, steane sintraal yn Van Eyck syn wurk.

Van Eycks tastellen bewege net, mar litte it bern bewege mei alle akrobatyk en linigens dy’t it betinke kin. Aldo van Eyck neamde se ‘ark foar de ferbylding’. Generaasjes hawwe oan de dûkelrekjes hongen. Foar Nagele hat Aldo van Eyck in belangrike arsjitekt west. De trije basisskoallen dêr binne troch him ûntwurpen. Hy foarseach goed trochtocht de skoallen fan spesjale bypassende bûtenromten en dêrby hearrende boarterstastellen. Foar him telde net it gebou as ikoan, mar as samling romten dêr’t dingen barre.

De eksposysje Museum Nagele 1 op 1 met het Rijksmuseum is te besichtigjen oant en mei 3 septimber 2023 en is mei mooglik makke troch BPD Ontwikkeling BV en gemeente Noardeastpolder. It projekt Match is te folgjen op webside schattenuithetrijks.nl.

Fernijing fêste eksposysje
Op it stuit is in ympresje te sjen fan de kommende modernisearring fan de fêste eksposysje troch Kinkorn BV, in ûntwikkeling yn it ramt fan Een erfgoeddeal voor Stijlicoon Nagele.

Iepeningstiden: tongersdeis oant en mei sneins fan 13.00 oant 17.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje op www.museumnagele.nl.

july 2, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.