Mikroskopysk lytse wjirmen nei 46.000 jier wer ta libben wekke
Resint ferskynd
In ynternasjonale ploech fan wittenskippers is deryn slagge om minuskule wjirmkes, dy’t 46.000 jier yn de Sibearyske permafrost beferzen sieten, wer ta libben te wekjen. Nei’t se hoeden ûntteid wiene, begûnen de bistjes wer te iten en planten se har fuort, melde de ûndersikers yn fakblêd Plos Genetics.

Foto: Wikipedia (publyk domein)
De nematoaden waarden yn 2018 fjirtich meter ûnder de grûn fûn yn Sibearië. Koalstofdatearring fan de ierde dêr’t se yn sieten, wiisde út dat de bistjes beferzen wêze moatte doe’t der noch mammoeten en neandertalers omrûnen.
Net earder is it slagge om bisten nei sa’n lange tiid wer út harren ekstreme wintersliep te heljen. By earder suksesfol besykjen gie it foaral om inkelde tsientallen jierren, lykas in wetterbearke dat nei tritich jier yn it iis wer ta libben kaam. Twa jier lyn slagge it wol om in 24.000 jier âld rêdbistje te ûntteien.
Gewoanwei libje de wjirmkes likernôch in moanne. Wittenskippers kamen derefter dat se beferzen harren libbensdoer ekstreem ferlingje kinne as se efkes foar’t se befrieze al wat útdrûgje. Dêr meitsje se sûkers by oan dy’t it dna en sellen helpe te beskermjen.
It giet om in soarte fan wjirmen dy’t foar de wittenskip folslein ûnbekend wie. Dat betsjut dat dy bistesoarte yn de tuskentiid faaks útstoarn is, al kin it ek wêze dat ûndersikers it tige lytse bistje oant no ta nea tsjinkommen binne.
De wjirmen dy’t yn 2018 ûntteid waarden, binne ûnderwilens echt dea. Wol waarden troch net-slachtlike fuortplanting nije eksimplaren berne, yntusken al sa’n hûndert generaasjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje