‘Meitsje fan taalkundich en kultureel ferskaat in tema’

july 24, 2023 13:00

Okkerdeis ferskynde it rapport Linguistic and cultural diversity – Minority and minoritised languages as part of European linguistic and cultural diversity. Dy stúdzje wurdt kommende hjerst offisjeel yn Brussel presintearre, mar de datum stiet op dit stuit noch net fêst. De wichtichste konklúzje fan dit rapport: Meitsje fan taalkundich en kultureel ferskaat in tema, sa’t dat ek dien is mei it beskermjen fan it miljeu en it klimaat. As we de hjoeddeiske ûntjouwingen mei ûnferskilligens temjitte komme, wurdt Europa in taalkundige en kulturele woestyn.

Ferlies oan ferskaat fan taal en kultuer
Meartaligens en ferskaat yn taal binne te fergelykjen mei ferskaat yn floara en fauna, of mei diversifikaasje yn de yndustry. De Europeeske Uny wol mei wetlike bepalingen of bysûndere maatregels it ûntstean fan monokultueren of monopolisme tefoaren komme. As it lykwols giet om taal en kultuer, dan fersaakje se dêrmei. Dat is nuver, want it behâld fan taalkundich en kultureel ferskaat is likegoed in algemien Europeesk belang, neffens de skriuwers fan it rapport.

De situaasje fan ‘e Europeeske minderheden en minderheidstalen kin sjoen wurde as in barometer fan de hjoeddeistige steat fan it Europeeske taalkundich en kultureel ferskaat. Ut de beskikbere gegevens docht bliken dat de lêste desennia (1991-2011) yn de Europeeske Uny mear as twa treddepart fan de taalkundige minderheden en harren talen fiks yn tal ôfnommen is.

It tij is noch te kearen
De ûndersikers sjogge mooglikheden om it ferskaat yn taal en kultuer te ferbetterjen. Se binne fan betinken dat it EU-motto ‘Feriene yn ferskaat’ ta libben brocht wurde moat. Minderheidstalen hawwe sprekkers nedich hawwe, oars geane se om. Dat freget om in libbensstandert yn minderheidsgebieten, dy’t massale emigraasje út dy minderheidsgebieten beheint. Net allinnich bern binne nije sprekkers fan de taal. Soargje der ek foar ek dat ymmigranten yn minderheidsgebieten taalkundich yntegrearje.

De ûndersikers hawwe in tal oanbefellingen:

  • Soargje foar kennis troch de stân fan saken fan minderheidstalen better te mjitten.
  • Famyljes bliuwe de wichtichste manier om minderheidstalen as memmetalen troch te jaan. Stypje âlden mei alle mooglike middels om dy taak út te fieren.
  • Stel it ûnderwizen fan in minderheidstaal yn in minderheidsgebiet foar alle learlingen ferplichte. Ek as dy net út minderheidsfamyljes komme.
  • Befoarderje minderheidstalen yn digitale systemen. It ûntbrekken fan minderheidstalen yn digitale systemen is lyk te stellen mei skea oan it fûnemintele rjocht om jin yn de memmetaal te uterjen.
  • Soargje foar in basisynfrastruktuer en brûk minderheidstalen sichtber yn safolle mooglik gebieten fan it deistich libben.
  • Rjochtsje taalbelied net allinnich op it (museumeftige) behâld fan wat der al is, mar ek op it behâld fan de gebrûkswearde fan in taal.

Mei it Frysk dogge wy it net sa min
Underfining leart dat it fêststellen fan kulturele, op it gebiet rjochte autonomy tige effektyf is foar it behâld fan minderheidstalen. Dat is bygelyks konstatearre yn Hongarije, dêr’t minderheden in wiidweidige kulturele autonomy krige hawwe. Alve fan de tolve Hongaarske minderheden binne yn de ôfrûne trije desennia yn tal tanommen.

De Dútsers yn Denemarken en de Friezen yn Nederlân hawwe ek in beskate mjitte fan kulturele autonomy. De beskikbere sifers sizze dat de situaasje dêr stabyl is. Mooglik is it sels in bytsje foarút gien.

july 24, 2023 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.