Mear neakenens yn nije komeedzjefilms

july 15, 2023 11:07

Filmbesprek fan Gabrielle Terpstra

Mei Joy Ride (Adele Lim) en No Hard Feelings (Gene Stupnitsky) yn de bioskopen geane we wer nei in tiid mei films dêr’t it lekker wyld yn om en ta giet. Fol mei seksualiteit, neakenens en skelwurden binne dy 16+-komeedzjes in lust foar each en ear en it ûndergean dêrfan is in lekkere wize om de simmer te fieren.

Seksueel en lûd
Yn Joy Ride reizgje fjouwer fammen ôf nei Azië, dêr’t se eins hinne geane foar in wurkbesite, mar dêr’t se in spoar fan gaos efterlitte. Yn dizze film wurdt it stereotype byld fan de Aziaat wer hearlik bysteld, wat earder ek barde yn de Oscarwinnende Everywhere All at once (The Daniels, 2022) en de searje Beef (2023).

Yn de film folgje we Audrey (Ashley Park), in adoptearre dochter, dy’t suksesfol jurist is. Foar in wurkputsje giet se op reis nei Peking, tegearre mei har bêste freondinne Lolo (Sherry Cola) dy’t Sineesk praat. Lolo is keunstneresse en makket pornografyske keunst. De wat nuvere Deadeye (Sabrina Wu) en aktrise Kat (Stephanie Hsu) heakje ek oan.

De reis lit in wûnderlike oanienskeakeling fan bizarre situaasjes sjen. De fammen wurde bygelyks oansjoen foar drugsdealer, helje in nacht troch mei seksy manlike atleten en komme úteinlik yn Súd-Koreä telâne. It hiele aventoer docht soms tinken oan The Hangover (2009), mar is in stik minder flau en folget mear in emosjonele line, nammentlik de syktocht nei eigen identiteit.

De film is in fleurige, drokke, rânzige binde folle mei popmuzyk en kleurige bylden. It ferhaal fielt oan ‘e ein wol wat ôfraffele.

Jennifer Lawrence. Boarne: Wikimedia Commons/Gage Skidmore. CC BY-SA 2.0

Leafdesfilm?

Yn No Hard Feelings sjogge we dat Maddie (Jennifer Lawrence) in opdracht oannimt om de 19-jierrige Percy (Andrew Barth Feldman) mei rike âlden te ferlieden ta seks. Percy is in ienling dy’t syn tiid graach follet mei frijwiligerswurk yn it diere-asyl en mei gamen. De opdracht wurdt jûn troch Percy syn âlden, dy’t yn noed sitte omdat Percy noch nea seks hân hat. It leveret Maddie úteinlik in auto op, dy’t se hurd nedich hat om jild te fertsjinjen as Uber-sjaufeur en om mei it lean dêrfoar har hûs behâlde te kinnen. Se wennet nammers yn in stêd dêr’t de hieren hieltyd heger wurde en rike minsken fan bûten alles opkeapje.

It liket in maklike opdracht, Maddie is in echte ferliedster, mar Percy wol gjin seks sûnder earst in emosjonele bân op te bouwen, wylst foar Maddie emoasjes mar lestich binne.

It konsept fan No Hard Feeling lit jin tinke oan de standert RomCom fan de jierren 90, mar it is in moderne film, mei moderne problemen. Hoewol’t it tema, manlju ferliede om wat te berikken, âlderwetsk is, is it dochs in grappige film, te tankjen oan Lawrence, dy ‘t yn dizze rol alles yn ’e striid smyt.

Trends
Beide films folgje in trend: yn Joy Ride sjogge we ynklusiviteit en diversiteit foarbykommen en No Hard Feelings lit maatskiplike problemen lykas wenningproblematyk sjen. Beide films sette ek fraachtekens by yndividualisme en boartsje dêrmei. Dat allegearre op in fleurige wize.

Joy Ride – 3.5 stjerren
No Hard Feelings – 3 stjerren

july 15, 2023 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.