Man dy’t sabeare pornofilm fan Welmoed Sijtsma makke wurdt ferfolge

july 30, 2023 08:17 Fernijd

Welmoed Sijtsma (foto: Wikipedia/NPO Start YouTube – CC BY 3.0)

In 39-jierrige man út Amersfoart dy’t troch middel fan spesjale technology in pornofilm makke mei it antlit fan presintatrise Welmoed Sijtsma, wurdt ferfolge. Dat befêstiget it Iepenbier Ministearje oan de NOS.

De man wurdt ferfolge foar it temûk meitsjen fan bylden fan seksuele aard. Yn novimber waard de man al oppakt op fertinking fan it meitsjen en fersprieden fan it filmke, mar hy waard nei syn ferhear frijlitten foar de tiid fan it ûndersyk.

Mei help fan spesjale deepfake-technology brûkte er it antlit fan frou Sijtsma. De WNL-presintatrise makke der ferline jier in dokumintêrerige oer op NPO 3. Dêr gie se yn op ’e siik nei de persoan dy’t de sabeare pornofideo’s makke. It is noch net bekend wannear’t de saak tsjinnet.

july 30, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.