Lokaal feestmiel yn Bûtenpost allinne foar froulju

july 21, 2023 08:16 Fernijd

Foto: © Monika Balu

Yn it ramt fan de Feestwike fan Bûtenpost organisearret Streekwinkel Op ’e Stâl in gesellige jûn foar jonge froulju. Dat sil wêze op sneon 29 july 2023 fan 17.00 oant sawat 23.30 oere. It giet dy jûn om goed, lokaal iten. Dat wurdt fersoarge troch sjef-kok Twan van ’t Klooster, spesjalist op it mêd fan lokaal iten. De Fammejûn wurdt holden yn de yttún fan Op ’e Stâl oan de Foarstrjitte 1.

Lokaal iten en drinken
By de ynrin fan 17.00 oere ôf wurdt begûn mei in slokje. It feestmiel bestiet safolle mooglik út produkten fan it seizoen en út it eigen gea lykas fruit, nuten en wylde krûden út de yttún en de itensbosk fan Op ’e Stâl, fleis fan de kok syn eigen fee en grienten út Mûntsjesyl, fisk út Zoutkamp en Lauwerseach, suvel út Hornhuizen, bôle út Leens, speltprodukten út Kloosterburen, fruit, soppen en iis út Niehove.

Foto: Geniet Lokaal

Muzyk by it fjoer
Om likernôch 21.00 oere giet de túnbar iepen.
By de fjoerkoer wurdt foar muzyk soarge. By min waar is de neisit binnendoar.

Dinerkaarten ynklusyf twa drankjes binne te bestellen op www.opestal.nl.

 

july 21, 2023 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.