LTO easket yngripen minister nei oanfal wolf op minske

july 10, 2023 09:09

In Drintske skieppehâlder is sneintemoarn ferwûne rekke doe’t er syn fee beskermje woe tsjin in oanfal troch in wolf. LTO is skrokken troch it ynsidint en sjocht dêrmei útkommen dêr’t de organisaasje al jierrenlang op lanlik en Europeesk nivo foar warskôge hat. Neffens LTO-foarsitter Dirk Bruins moat de oerheid fuortdaliks yngripe om mear ynsidinten foar te kommen.

Boarne: LTO Noard

Foarsitter Bruins brocht de ferwûne skieppeboer in besite: “Wy hawwe fuortdaliks kontakt hân en it is skokkend wat him oerkommen is. Nei’t er om sân oere nuver lûd út ’e greide hearde, is er der daliks hinne gien om te sjen en fûn er ferskillende deade bisten. Ta syn fernuvering kaam ynienen in wolf, dy’t út noch yn net skou wie, tusken de sinnepanielen wei. Om himsels, syn húshâlding en de noch libbene bisten te beskermjen hat er besocht de wolf te ferjeien, mar spitigernôch rûn er dêrby slimme ferwûningen oan de earm op.”

De ferwûne skieppeboer is yn it sikehûs behannele, mar dat hie gâns fuotten yn ’e ierde. “Fuort neidat de wolf opmurken waard, hat de skieppehâlder de plysje skille, mar dy sei neat foar him dwaan te kinnen. Advisearre waard op it stek iepen te setten, mar dat soe derfoar soarge hawwe dat de wolf by it wenhûs kommen hie”, fertelt Bruins. Doe’t de wolf neffens de skieppehâlder himsels oanfoel, kaam de plysje wol yn aksje. “De ûndúdlikens en ûnmacht om hannelje te kinnen, is tige soarchlik en ropt fragen op oer de feiligens fan ús agraryske mienskip. It is fan krúsjaal belang dat direkt gehoar jûn wurdt oan meldingen fan sokke ynsidinten, om fierdere skea en lijen foar te kommen.” Uteinlik is nei tuskenkomst fan de boargemaster aksje ûndernommen en is de wolf ôfsketten. LTO stipet dy hannelwize troch it gemeentebestjoer.

Bruins pleitet ek foar mear kennis yn sikehuzen oer wolvebiten. “De troffen skieppehâlder is yn it sikehûs behannele, mar dêr bliek ynearsten dat men net wist hoe’t mei wolvebiten omgien wurde moast. Dat mei nea mear barre. Ik pleitsje dêrom foar mear kennis oer wolvebiten en de gefolgen derfan.”

LTO easket petear mei de minister
LTO wol fan ’e wike mei demisjonêr minister Van der Wal om ’e tafel oer dit slimme foarfal troch tekoartsjittend faunabelied. “It is ûnakseptabel dat boeren net de nedige beskerming krije tsjin rôfdieren lykas de wolf, dy’t gâns skea oanrjochtsje oan fee en no sels minsken yn gefaar bringe. Politike regeltsjes meie net op kosten gean fan de feiligens en it wolwêzen fan ús boeren. De skieppehâlder hie alles dien wat er koe. Hoe’t de wolf dochs troch it goedkarde wolveroaster kommen is, moat ûndersocht wurde”, is Bruins fan betinken. “It jout oan dat der driuwend ferlet is fan effektyf wolvebehear. Wy binne derfan oertsjûge dat in lykwichtige oanpak mooglik is, mar sille trochgean mei warskôgjen foar wolven yn tichtbefolke gebiet. Op in pear lokaasjes nei is Nederlân net gaadlik as libbensgebiet. Op nasjonaal en ynternasjonaal nivo sille wy ús bliuwend ynsette foar in realistysk belied oangeande de wolf.”

july 10, 2023 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.