Lêste oprop: sprekkers socht foar 12e Dei fan de Fryske taalkunde

july 21, 2023 08:21

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. De organisaasje is op ’e siik nei sprekkers foar de dei.

Fryske Akademy (foto: Wikimedia Commons/Wutsje – lisinsje CC BY.SA 3.0)

Yn de lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Wannear: freed 6 oktober 2023;
Wêr: (oant 15.00 oere) Fryske Akademy, seal Sânwâlden;
Wêr: (fan 15.30 oere ôf) Grand Café De Neushoorn (foar de Harmonie oer, dat út nei it stasjon).

Om 15.00 oere rinne de dielnimmers yn fyftjin minuten nei Neushoorn ta, dêr’t in nij frisistysk inisjatyf feestlik presintearre wurdt mei in lêzing en in resepsje. Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).

De organisaasje ropt minsken op om har oan te melden foar it hâlden fan in lêzing. Stjoer dan – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op 4 septimber – oer de mail in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân): ehoekstra@fryske-akademy.nl.

Of mei de gewoane post nei:

Fryske Akademy,
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB Ljouwert.

july 21, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.