Kreakers ferlitte Russysk gebou yn Amsterdam

july 18, 2023 08:21

Yn Amsterdam is it kreake Russyske hannelskantoar leech nei in fersyk fan de plysje. De Amsterdamske krante Het Parool berjochte freed dat it gebou kreake wie. In oere as wat nei de publikaasje frege de plysje de kreakers om it gebou te ferlitten, en dy hawwe dêr ôfrûne wykein gehoar oan jûn.

Foto: pixabay.com

It kantoar oan de Veluwelaan is eigendom fan Ruslân. Yn Het Parool beskriuwe de kreakers dat se harren kâns seagen trochdat de doar fan it slot wie. Hja koene der nei eigen sizzen sûnder muoite yn komme. Neffens de kreakers azeme it gebou de sfear fan de Kâlde Oarloch. In ynrjochting út de santiger jierren, mei draaitelefoans, koffers mei gasmaskers, in foto fan Sovjet-lieder Andropov en in grutte plaat fan it Reade Plein oan ’e muorre. Hja fûnen ek aktetassen mei ferskate dokuminten.

It hannelskantoar waard sûnt de santiger jierren brûkt. Wêrom’t it yn sa’n âldfrinzige steat efterlitten waard, is net bekend. Der wie noch wol stroom en waarm wetter, mar de befeiligingskamera’s en radio’s yn it gebou wiene stikken. De plysje hat it gebou ûntromme fanwegen húsfredebrek. De kreakers binne allegearre fuortgien.

It gebou heart by de hannelsfertsjintwurdiging oan it Museumplein. De Russen dy’t der wennen hearden by de santjin Russyske diplomaten dy’t yn maart ferline jier Nederlân útset waarden.

july 18, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.