Kommisjeleden provinsjale Gerrit Bennerpriis 2023 bekend

july 2, 2023 08:21

De advyskommisje fan de Gerrit Bennerpriis is bekend. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de sjuery fan de provinsjale priis beneamd. De kommisje bûcht him de kommende tiid oer de fraach oan wa’t de oeuvrepriis 2023 takend wurde moat. De Gerrit Bennerpriis is in wichtige priis foar byldzjende keunst yn Fryslân en wurdt takend oan in keunstner fan wa’t it wurk in belangryk foarbyld foar it keunstoanbod yn de provinsje is.

Deputearre Sietske Poepjes en winner Auke de Vries yn 2019 (foto: Provinsje Fryslân)

De advyskommisje bestiet dit jier út trije leden dy ‘t foardroegen binne troch Keunstwurk:

  • Julia Geerlings (kurator en direkteur fan A Tale of A Tub, it eardere badhûs yn it hert fan it monumintale Justus fan Effen-kompleks yn Rotterdam);
  • Judith Spijksma (konservator moderne en hjoeddeiske keunst by it Frysk Museum yn Ljouwert);
  • Gitte Brugman (wie fiif jier artistyk lieder fan Keunstmoanne It Amelân).

De priis is yn it libben roppen om it klimaat foar byldzjende keunst in ympuls te jaan en it omtinken foar dy keunst ûnder it publyk grutter te meitsjen. De organisaasje is yn opdracht fan de provinsje yn hannen fan Keunstwurk. De twajierlikse provinsjale Gerrit Bennerpriis is neamd nei de Fryske lânskipsskilder Gerrit Benner, út de tweintichste iuw. Dit jier wurdt de priis takend oan in byldzjend keunstner mei wurk út in langere perioade: in saneamde oeuvrepriis. Yn 2019 is de oeuvrepriis foar it lêst útrikt oan Auke de Vries.

Utstalling
Wa ‘t de oeuvrepriis wint, wurdt letter dit jier bekend makke. De winner kriget € 5000,- en in útstalling yn it Frysk Museum. Neist it prizejild kriget de winner € 5000,- foar in aktiviteit dy’t bydraacht oan it ûntwikkeljen fan de byldzjende keunst yn Fryslân.

july 2, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.