Bywurke: Gjin warskôgingen mear

july 5, 2023 09:11

Boarne: KNMI

Fan ’e moarn komme yn de provinsjes Fryslân, Noard-Hollân, Flevolân en yn it Iselmargebiet tige swiere wynpûsters fan 100 oant 120 kilometer yn ’e oere foar. Tusken 10.00 en 14.00 oere is in koade read, waaralaarm, fan krêft.

Dêrtroch kinne tige gefaarlike situaasjes en skea ûntstean, as gefolch fan omfallende beammen en omfleanende foarwerpen. It advys is om túnmeubilêr en planten binnen te setten. It treinferkear yn it noarden is om 9.30 oere stillein. Op Skiphol binne sa’n 400 flechten skrast fanwege de wyn.

Op oare plakken yn Nederlân komme fan ’e moarn en fan ’e middei swiere wynpûsten fan 75-100 km/oere foar. Yn Súd-Hollân, Oerisel, Drinte, Grinslân en it Waadgebiet stiet in koade oranje út. Yn ’e earste helte fan ’e middei belunet de wyn wer. De wyn komt út it westen.

Omrop Fryslân hâldt in livebloch oer de stoarm by.

Bywurke 12.45 oere: Koade read is efkes foar 12.30 beëinige. Yn de noardlike helte fan Nederlân jildt fan ’e middei oant likernôch 15.30 oere noch koade oranje foar stoarm Poly. Dêrnei is koade giel fan krêft.

Bywurke 17.00 oere: Koade giel is ûnderwilens foarby. It wurdt wer rêstiger.

july 5, 2023 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.