Keunstner Gerrit Breteler fertelde yn Buro de Vries dat er net bang wie foar de dea

july 31, 2023 09:21

De op 18 maaie 2023 ferstoarne sjonger en keunstner Gerrit Breteler (68) fertelde op 7 maaie yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân dat er net bang wie foar de dea. Hy wie al in skoft siik en hie terminaal hertfalen.

Gerrit Breteler (foto: Omrop Fryslân)

Sa’n 25 jier lyn waard Gerrit Breteler operearre oan in goedaardich geswel yn it hert. Sûnt dy operaasje hie Breteler hertfalen. Yn july 2022 hold it hert dermei op en foel er del. Syn frou, Anke Bylsma, koe him reanimearje en Breteler krige yn it sikehûs in ICD-apparaatsje kombinearre mei in klokje. Mei de ICD gie it better, koe er wer sporte en fielde er him goed. Hy moast in protte optredens ôfsizze, mar hy die noch ien op It Hearrenfean dêr’t er in soad nocht oan hie. It optreden gie goed, mar flak dêrnei gie it wer mis. Hy krige in klap en foel om.

Gerrit Breteler foel op ’e holle en al gau die bliken dat der harsenskea wie. It wie in tige drege perioade foar him. Nei in tiid yn it sikehûs op ‘e ôfdieling neurology folge refalidaasje yn Lyndensteyn yn Beetstersweach, mar al nei in pear dagen gie er dêr wer wei om’t it hert opnij útfoel. Yn it MCL, op de ôfdieling kardeology, fertelden de dokters him dat er hertfalen yn it lêste stadium hie. In boadskip dat hurd oankaam. It soarge der wol foar dat de famylje Breteler djippe en moaie petearen hie. Dochter Anne-Goaitske frege har heit oft er in soarte fan deiboek meitsje woe foar de bern dy’t se eventueel letter kriget en dy’t pake nea kennen ha. Breteler is dêrom begûn mei it beskriuwen fan syn libben. Fan syn jongestiid yn Ynskedee, syn betide fassinaasje foar Bach en letter ek foar Rembrandt en syn tinzen dêroer.

Nei dat minne boadskip gie it wer in skoftke better, oant er wer in klap krige en mei de holle op it oanrjocht foel. In optreden dat pland stie en dêr’t er bot nei útseach moast er ôfsizze. Syn soan Hylke ferfong him. Yn de tuskentiid ferstoar de 92-jierrige mem fan Gerrit Breteler. Hja spruts ek oer it ôfskied en dêr seach Gerrit in parallel yn mei syn eigen ôfskied. Op de begraffenis fan syn mem klonk ‘In giele sinnebril’, in liet dat Gerrit Breteler spesjaal foar har skreaun hie. Yn Buro de Vries sei er: “Sjoch, ik bin net bang foar de dea. Dea is dea en dat geane we allegearre.” Mar om him mocht dat noch wol in skoftke duorje: “Ik bin noch lang net klear en wol noch in hiel soad dwaan.”

Op 18 maaie kaam er dochs te ferstjerren, oardel wike nei it fraachpetear op de radio. Breteler wie in mearsidich keunstner: njonken de skilderkeunst utere er him ek yn muzyk, sang, gedichten en it skriuwen fan toanielstikken. Hy waard berne yn Ynskedee en kaam as trettjinjierrige jonge mei syn Twintske heit en Fryske mem nei Fryslân. Hy studearre yn 1975 cum laude ôf oan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. As skilder wurke er yn de tradisjonele styl fan de 17e iuw. Hy eksposearre yn Nederlân, Dútslân, Ingelân en Frankryk. Breteler makke ek in soad portretten yn opdracht.

Breteler wie sjonger en spile ferskillende ynstruminten lykas gitaar, fluit, fioele en akkordeon. Mei Eelke Scherjon en Douwe Sipma foarme er yn de santiger jierren de groep Kneppelfreed. Yn 1994 rjochte er de muzykgroep Fling op, dêr’t er oant 2002 benammen Ierske folksmuzyk mei brocht. Mei Ernst Langhout spile er yn Haggis en ek yn The Hones. Letter naam it Frysk in hieltyd grutter plak yn. Breteler makke poëtyske Frysktalige lieten dy’t er sels song en faak ek sels begelate. It resultearre yn twa cd’s mei Frysktalige lieten: Lit ús dêrom drinke (2004) en Katarsis (2012). Yn 2017 ferskynde de cd Stil mei Fryske nûmers, mar ek in pear Ingelske werútfieringen. De lieten ‘Op een dag’, ‘Lit ús dêrom drinke’ en ‘As it jo wil is’ binne al jierren werom te finen yn de Fryske Top 100.

Gerrit Breteler liet in frou, soan en dochter efter.

It petear mei Gerrit Breteler is hjir te beharkjen.

Boarne: Omrop Fryslân

july 31, 2023 09:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben augustus 1, 19:32

    Tige tank foar jimme omtinken oan Gerrit Breteler,
    jangerben.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.