Keunst, kultuer en histoarje fan ’t simmer yn Ferwert
Resint ferskynd
Doarpsbelangen Ferwert & Hegebeintum organisearret mei Liesbeth Sijtsma fan Outdoor Mozaïek Gallery en Tsjerkepaad dizze simmer in kombinaasje fan keunst, kultuer en histoarje. Mei it Tsjerkepaad iepenje mear as 250 Fryske tsjerken de doarren en dus yn Ferwert ek.

Wurk fan Wulfila (boarne: Doarpsbelangen Ferwert & Hegebeintum)
Op in stik of wat iepen dagen sille der eksposysjes organisearre wurde yn it koar fan de Sint Martinustsjerke yn Ferwert. Dy ôfwikseljende eksposysjes binne op sneon 29 july, 12 en 26 augustus en 9 septimber 2023 tusken 10.00 oant 17.00 oere. De keunstners sille dêr sels by wêze. Op dyselde sneonen kin ek oan in rûnlieding troch de histoaryske kearn fan Ferwert meidien wurde. Dy begjinne om 14.00 oere op it Frijhof. In groep entûsjaste frijwilligers sil foar toeristen en nigethawwers om bar in rûnlieding fan sawat ien oere op en om it Frijhof fersoargje. De gidsen witte in protte oer de skiednis fan Ferwert te fertellen, ek nijsgjirrige ferhalen en aardige anekdoaten. Mear nijs dêroer is op ferwertonline.nl te finen. Foarôf en nei de tiid is yn it ramt fan Tsjerkepaad de Sint Martinustsjerke te besichtigjen en om de fjirtjin dagen it wurk fan hieltyd wer in oare keunstner te besjen.

Wurk fan Nanny ter Wiel (boarne: Doarpsbelangen Ferwert Hegebeintum)

Gedichten fan Jan Hendrik Woudstra (boarne: Doarpsbelangen Ferwert Hegebeintum)
It programma op sneon 12 augustus 2023
It favorite ûnderwerp fan Nanny ter Wiel út Loppersum is it Waad. In protte fan har wurken hawwe dan ek Wierum, Moddergat of Koehoal as ûnderwerp. Nanny wurket benammen yn pastel en oaljeferve. Sûnt in jiermannich makket se ynstallaasjes fan ôfbrutsen riisdampeallen dy’t oan de dyk oanspiele, yn kombinaasje mei skildere peallen yn oaljeferve op 3D-linnen. Dêrtroch ûntsteane skilderijen dy’t fan fierôf sjoen ien gehiel foarmje. Fan tichteby litte se lykwols it ferskil sjen tusken de echte en de skildere peallen. Blommen en portretten fan dieren kinne har ek boeie. Dêrby foarmet it detail in wichtich elemint yn har wurk.
Jan Hendrik Woudstra presintearret syn fiifde dichtbondel Verwoord in gedichten. Hy stiet mei ien foet yn de Biltske klaai en mei de oare foet yn de Fryske Wâlden. Syn woartels fine in paad yn de gedichten en sykje balâns. Syn blik op it libben is mearkleurich. Syn gedichten ûntsteane út in skerpsinnige opmerksumens oer alledeiske saken; hoop, ûnwennigens, ferwachting en prakkesaasjes oer it leauwe en de natuer komme oan bod. De Fryske gedichten jouwe it folsleine palet in ekstra diminsje.

Hieke Wondergem-Schaafstra mei ien fan har wurken (foto: Doarpsbelangen Ferwert Hegebeintum)
It programma op sneon 26 augustus 2023
Hieke Wondergem-Schaafstra is Friezinne fan berte en wennet nei jierrenlange omswervingen troch Nederlân no wer yn De Westereen. Hja skilderet op har gefoel; dêr is de natuer foar wichtich by. Alle skilderijen fertelle in eigen ferhaal.
Wulfilla wennet en wurket sûnt 2022 yn Peins. Hja wurket troch waar te nimmen en foar it ferbyldzjen fan har wurken makket se dêr oantekeningen fan, fotografearret se lânskippen of wurket se yn de bûtenlucht. As Wulfilla yn har atelier wurket, dan lykje har wurken op eardere oertinkingen dy’t yn ’e geast bestiene. Al it sammele referinsjemateriaal makket har wurk ekspressiver.
It programma op sneon 9 septimber 2023
Op de lêste dei fan Keunst yn ’e Tsjerke eksposearje Els de Laaf en Petra Dijkstra. Els de Laaf har wurk lit djipte en romte foar suggestje sjen. Hja eksposearret yn Ferwert mei abstrakte skilderijen yn strak ritme skildere. Har skilderijen binne meastal kleurryk. Hja nimt ek har fantasybisten mei. Petra Dijkstra toant har syanotypen dêr’t se sels de sjabloanen foar makket. Hja bewurket de blauprinten mei akryl en brûkt soms borduerjern foar in detail. De ûnderwerpen binne meastal fleurich, mar se komt ek mei beladen ûnderwerpen. Har lêste wurk eksposearret se yn fiif houtboeken dy’t it publyk frij iepenje of ticht litte kin.
Yn de omkriten is noch mear te belibjen. De terp en it fernijde besikerssintrum fan Hegebeintum lizze op rin- en fytsôfstân fan Ferwert.

Foto: Doarpsbelangen Ferwert & Hegebeintum






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje