Janna van der Meer: Grûnbûn buorkje
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- Temajûn ‘De grutte omslach’ mei Jan Rotmans yn Boalsert 0
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (7, ein)

Kij fan De Nije Mieden rinne nei de pleats. Foto © Janna van der Meer
Petear mei boer Sjoerd Miedema fan De Nije Mieden
Op ’t heden giet it yn ’e media in soad oer grûnbun buorkjen. Wat is dat en wat betsjut dat foar in melkfeehâlder?
Dat hâldt yn dat de kij it dwaan moatte mei wat der op it eigen bedriuw groeit. De measte boeren fuorje harren kij aardich wat by: mais, biten, ierappel, soaja, om mar ris wat te neamen. Wy besykje om it oars te dwaan.
Hoe sjocht dat der yn de praktyk út?
Us buorkerij is sûnt 2015 Skal-sertifisearre[1] en is dêrmei biologysk. Dat betsjut ûnder oaren dat wy gjin keunstdong en pestisiden brûke. Boppedat kieze wysels derfoar om ús kij gjin konsintraat te jaan. Alles wat se ekstra krije is plette koarn, oanfolle mei wat mineralen, om se yn ’e melkstâl te lokjen.
Us kij moatte dus suver en allinne molke jaan fan it gers dat yn ús lân groeit. De kwaliteit fan dat gers is dêrom tige wichtich foar ús produksje. En dy kwaliteit hat fansels wer te meitsjen mei de grûn dêr’t it gers op groeit.
Hoe is dy grûn?
Spitigernôch buorkje wy op drege grûn. It grutste part bestiet út knipklaai op fean en it is net om ’e nocht dat hjir yn it ferline foaral kij holden waarden. Gers wie it iennichste gewaaks dat hjir goed groeie woe. Mar de kwaliteit fan it gers wie net sa heech as yn de klaaigebieten fan Noard-Nederlân. Dêrtroch wiene de kij hjir minder sûn. Oan ’e oare kant holden de boeren hjir eartiids in oar, robúster ras. Dy kij hiene net safolle ferlet fan spesjale fiedingsstoffen as de hjoeddeiske Holstein-Friezen mei harren hege produksje. Dêrom koe it allegearre krekt. Dat boeren hjir eartiids net graach buorken, is no noch oan ’e pleatsen te sjen. Der steane hjir gjin moaie âlde pleatsen. Wysels wenje yn in hús dat ein santiger jierren set is.
Hoe komme boeren yn de Lege Midden dan dochs troch de tiid?
Fan de tachtiger jierren ôf feroare it sompige feanlânskip. It grûnwetterpeil waard keunstmjittich ferlege. Dat fûn doe hast elkenien in goed plan: de boeren, It Wetterskip, de polityk… Op de drûge grûn groeide it gers better en koest der mei grutte lânboumasines op ride.
De minne grûn waard troch de ôfwettering mear as kompensearre. It fean oksidearre, it organyske materiaal kaam frij en dêrmei de stikstof, dêr’t it gers eksplosyf troch groeide. Boppedat waard it fretten foar de kij troch it fabryk presys ôfstimd op it ferlet fan de nije holsteiners.
Wy hawwe ek jierren sa buorke. De adviseur berekkene it rantsoen fan ús fee. Wy kochten it yn ’e wissichheid dat wy deroan fertsjinje soene. Dat wie de basis fan in relatyf maklike operaasje. Troch de garandearre fertsjinst koene wy ek ienfâldich jild liene om lân by te keapjen en om in grutte stâl te bouwen.
Wêrom dogge jo it dan no oars?
Doe’t wy op ’e biologyske toer giene, waarden wy ús hieltyd bewuster fan de relaasje tusken sûnens en in natuerliker wize fan buorkjen. Suvel en fleis fan fee dat allinnich gers kriget, is bygelyks sûner foar minsken as deselde produkten fan bisten dy’t mei soaja, mais, ierappels, melasse ensafuorthinne fuorre binne. Boppedat moatte kij weidzje. Dat is no ien kear sa’t de natuer it bedoeld hat.
Wat binne de gefolgen fan jo kar?
De molkeproduksje sakke. Dat komt foar in part troch it beslút om ús Holsteiner Friezen te krusen mei robústere, âlderwetske rassen. Mar dy kij soene ek mear molke produsearje kinne op in lykwichtich dieet mei konsintraat. Der bestiet ek biologysk konsintraat, mar dat wolle wy net jaan. Wy kieze foar fee dat allinnich mei gers fuorre wurdt.
Njonken in lege molkeproduksje hat dat ek oare gefolgen. Sa is bygelyks de minerale gearstalling fan it gers yn ús greiden net sa geunstich. Us kij hawwe gau lêst fan in tekoart oan magnesium en koper. Dêrom jouwe wy dy mineralen ekstra. Troch seleniumtekoart ûntsteane somtiden swierrichheden by it kealjen.
Binne der oplossingen foar sokke mineraaltekoarten?
Ut foarsoarch jouwe wy kalve kij seleniumynjeksjes. Mar it is ek wichtich om de minerale gearstalling fan ús boaiem te ferbetterjen. As erfskip fan ús yntinsive perioade hawwe wy te folle kalium yn ’e boaiem. Us lân is jierrenlang maksimaal bedonge!
Dat hege kaliumgehalte hat grutte neidielen: it makket dat de plant oare needsaaklike mineralen minder goed opnimt. Mar stadichoan giet it better. Troch ús hjoeddeistige biologyske wize fan buorkjen komme de mineralen yn ’e boaiem hieltiten mear mei-inoar yn lykwicht. Wy moatte geduld hawwe. It is in proses fan jierren.
[1] Stichting Skal Biocontrole is troch it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit oanwiisd om tasicht op de biologyske produksje te hâlden. De stichting rikt ek sertifikaten út.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje