Jan Schokker: Kompetysjefûgels
Resint ferskynd
Kollum
Wat is it geweldich dat it minskebern drave, springe, dûnsje, klimme, kopketommelje kin. Wy meie dochs wol sa ferskuorrende bliid wêze dat we yn de evolúsje net ferwurden binne ta sleauwe fetslakken, wjerkôgjende buffels of plakkerige kwallen. Wis, der binne útsûnderingen, mar hoe moai is it wol net dat linichheid en krêft yn kombinaasje mei tûkens en kriich ús wille jout, foaral as nije helden har alle kearen samar wer oantsjinje en bûtenwenstige rekôrs brekke? Ja, ik ha it dus oer kompetysjesport, want it is no ien kear it minske aard dat keunstkes tsjin inoar ôfmetten wurde moatte. Soks kin tsjinwierje en glêd ferkeard ôfrinne, mar it kin ek, en miskien wol krekt dêrom, fan grutte wearde wêze.
De pakesizzers, dêr moat ik it oer ha. Och, se huppelen en sprongen en dûnsen al fan berte ôf, en fêst dêrfoar ek al. Jonne, de earste út de rige Schokkerbeane, koe earder klimme as rinne, earder kopketommelje as prate, har spieren liken wol ilestyk en de bonken fan rubber. As beukerke hie se al mear enerzjy as in kearnsintrale yn de oanbesteging. Altyd feest as wy babysitte mochten. Se makke my dúdlik dat ik har troch de keamer goaie moast, want hoe mâler hoe moaier mei har. Se skattere it dan út. Ien kear gie it nuver mis. Se kaam wat bryk op it bysettaffeltsje telâne en hat doe in skoft mei it earmke yn kleurich gips omhuppele. Net dat it bot ferskil makke.
Letter sprong se mei har suske en nichtsje by ús troch de keamer. De iene stokrjochte radslach nei de oare, alle trije rûnen faker op hannen as rjochtop en sieten mear yn in spagaat as mei de earms oerinoar. Bûten klommen se op it dak, ús nije túnhúske of de pergola. It duorre dan ek net lang of de famkes sieten op gymnastyk, of nee, op de turnferiening. Jonne mocht al gau meidwaan oan de kampioenskippen fan har klup. En dan komt it: dat is moai fansels, mar wat al in stress foar sok in jongfolk! Moat alles werklik alle kearen wer opmetten en fergelike wurde? Fansels, as heit en mem, pake en beppe diene wy der like hurd oan mei. Wêrom, freegje ik my no ôf, no’t ik my as in âlde keardel min ofte mear deljûn ha. Binne útdagingen yn it libben dan echt nedich om skerp te stean? Wolle dy bern dat sels? Tink it eins net, want it komt fuort út in soarte fan boartlikens, it aard fan it bistje en sa. In minske wol ommers witte dat er bestiet: sjoch my hjir stean, pake. Sjoch myn kopketommeljen, sjoch dan!
En sa genietet dizze pake fan syn sizzers. Hy hat sjoen hoe’t Jonne mei har klup Frysk en Nederlânsk kampioen wurden is. De oare bern brûze ek dy kant op. Dan kin pake allinnich mar grutsk wêze, en hoopje dat se út it gips bliuwe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje