Jan Bosgraaf: Besparje

july 15, 2023 07:05 Fernijd

Kollum

Ja, ik haw it ek dien! Dat jou ik earlik ta. En ik haw der gjin spyt fan en skamje my der ek net foar. Freed 30 juny stie ik op ’e neimiddei yn in moai doarpke yn it easten fan Fryslân by de benzinepomp om de tank fol rinne te litten, omdat de priis de oare deis mei 16,7 sint de liter omheech gean soe. Der siet noch wol foar 200 kilometer oan dat heldere, floeibere produkt fan koalwetterstoffen út ierdoalje, dat brûkt wurdt as motorbrânstof, yn de tank, mar omdat alle bytsjes helpe, die ik it dochs. Al soe ’t allinnich mar foar it gefoel wêze, dat ik dêr dochs mar moai goed fiif euro mei besparje koe. Fansels wist ik op dat stuit ek wol dat ik in deimannich letter dat gefoel wer kwyt wêze soe, omdat ik dy fiif euro net oerhold en yn ’e bûse hie. Mar sa stekt de minsklike psyche sa’t it liket yninoar. In psycholooch sil dêr grif in ferklearring foar jaan kinne. Dêr weagje ik my leaver net oan.

Doe’t de benzine twa kwartsjes (€ 0,23) de liter koste. Foto: pixabay.com

Dy 16,7 eurosint is it earste part fan de tydlike aksynsferleging dy’t it regear op 1 april 2022 ynfierd hat, doe’t de benzine hast € 2,51 de liter koste; in rekôrbedrach. Dy tydlike ferleging wurdt yn twa stappen tebekdraaid. De twadde stap folget op 1 jannewaris 2024. Alteast, dat is de bedoeling fan it kabinet, dat no demisjonêr is. Ik tink lykwols dat dit beslút dêr net troch op ’e lange baan skood wurdt. Dêrtroch leit de literpriis by guon benzinepompen, benammen oan de sneldiken, no wer rom boppe de twa euro. In bedrach dat fiif jier lyn noch as absurd sjoen waard. Tsjintwurdich sjogge we der net mear raar fan op. Dan mei de priis yn ’e beboude kom sa’n tweintich sint leger wêze, in eintsje yn ús hillige ko toere bliuwt in djoere grap. Nei’t men oannimme mei wurdt der lykwols, op in inkelde útsûndering nei, gjin kilometer minder om riden. Dat wie alteast de ûnderfining yn it ferline.

Doe’t yn 1991, yn it ramt fan de saneamde ‘Tussenbalans 1991’ fan it kabinet Lubbers III, it ûnderwilens hast mytyske ‘Kwartje van Kok’ ynfierd waard, gie it regear fan de ûnderstelling út dat dêr it autogebrûk wol troch ôfnimme soe. Efternei bliek dat de benzineferkeap yndied in lyts dipke sjen liet, mar nei in pear moanne alwer op it âlde nivo siet. Dat ‘kwartsje’ (ryklik 11 eurosint) bestie út in aksynsferheging fan 18,3 sint mei dêroerhinne de BTW. Ja, it ryk heft belesting oer belesting. Sa te sjen wurdt aksyns troch it ryk as in ‘tafoege wearde’ beskôge. Hawar, dat is in oar sjapiter. It ‘kwartsje’ hie as doel om de tekoarten op de ryksbegrutting, dy’t ûntstien wiene troch de ekonomyske stagnaasje yn dy jierren, tebek te kringen. As de begrutting wer yn it lykwicht wie, soe de automobilist it ‘kwartsje’ werom krije, wie de algemiene opfetting. Dêr wurdt no, tritich jier letter, noch hieltyd oer praat. Want yn it belibjen fan autoridend Nederlân hawwe wy dat ‘kwartsje’ nea werom krige. Yn de eagen fan it regear wol, omdat de earste trije jier nei de ynfiering de aksyns net mei de ynflaasjekorreksje oanpast en dus net ferhege is. Dat wie ek net echt nedich tinkt my, want yn 2003 waard troch it kabinet Balkenende II berekkene, dat it ‘Kwartje van Kok’ goed wie foar jierliks 530 miljoen euro. It jild soe brûkt wurde foar ynvestearringen yn nije diken en ûnderhâld fan de ynfrastruktuer. Wat dat ‘kwartsje’ hjoed-de-dei yn ’t laadsje fan de minister fan finânsjes bringt, mei ynflaasjekorreksje en safolle mear autokilometers as tweintich jier lyn, doar ik net te sizzen. Wol is dúdlik dat ús hillige ko foar it lânsregear in bjusterbaarlik goede melkko is. Fan elke liter dy’t wy tanke ferdwynt mear as in euro (sa’n 54%) yn de skatkiste fan it Ryk. De produksjekosten binne om ende by 38%. De oare 8% is foar de distribúsje- en marketing en de marzjes foar oaljemaatskippijen en eksploitanten fan tankstasjons. Dy eksploitanten krije in fêste marzje en profitearje net mei fan de priisferhegingen. As in tankstasjon de benzine goedkeaper oanbiedt, betellet de eksploitant dat út de eigen fêste marzje. En ik jou it earlik ta en skamje my der net foar, dat ik it leafst tank by dy eksploitanten of yn alle gefallen by in tankstasjon yn ’e beboude kom. Al soe it allinnich mar wêze, omdat ik dan foar efkes it gefoel haw, dat ik op dat stuit 20 oant 25 eurosint de liter besparje.

 

 

 

 

july 15, 2023 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.