IT-studinten Firda Drachten leverje websiden foar lokale organisaasjes
Resint ferskynd
Twaddejiers studinten fan de oplieding Software Development by Firda yn Drachten hawwe it ôfrûne healjier oan nije websiden foar Pleatslik Belang Droegeham en Stichting Hattum de Vries yn Aldegea (Smellingerlân) wurke. Ferline wike hawwe se de websiden oplevere. Sokke op de praktyk rjochte projekten, ûnder lieding fan dosinten Michael Schaap en Pieter de Zwart, binne in foarbyld fan it foarútstribjende ûnderwiisoanbod fan Firda.

Foto: Firda
Stichting Hattum de Vries is bliid mei it wurk dat de studinten levere hawwe. Margriet Pool-Pietersma sprekt út namme fan de stichting har wurdearring út: “Wy ha kontakt mei Firda socht en frege oft dy ús helpe koe mei it opsetten fan in webside dêr’t wy ús argyf op digitalisearje kinne. In fjouwertal studinten hat foar ús in moaie webside makke. In better fermidden om soks te learen bestiet net. Wy sjogge dan ek werom op in goede gearwurking.”
Studint Sander van der Galiën fertelt oer de ûnderfining fan syn projektgroep: “Wy fûnen it in nijsgjirrich projekt om oan te wurkjen en it hat ús in soad kennis opsmiten. It wie tige learsum om in webside foar in klant te realisearjen en wy soene graach nochris in soartgelikens projekt dwaan.”
Dosint Pieter de Zwart is grutsk op it resultaat en beklammet it belang fan praktykûnderfining foar studinten. “As ûnderwiisynstelling is it tige wichtich om midden yn de mienskip te stean”, seit De Zwart. “Troch studinten projekten yn de echte wrâld útfiere te litten, fergrutsje wy harren motivaasje en wurde se optimaal op it bedriuwslibben taret. Studinten oefenje sawol mei technyske feardichheden as klantekontakten en dêrneist leverje se in positive bydrage oan de maatskippij.”
De suksesfolle ôfrûning fan beide projekten ûnderstreket de kwaliteit fan de IT-opliedingen by Firda yn Drachten, dêr’t studinten taret wurde op in kânsrike karriêre yn de bloeiende IT-sektor. Troch deeglik klassikaal ûnderwiis te kombinearjen mei opdrachten út de praktyk spilet de oplieding in foaroansteande rol yn it foarmjen fan de IT-professionals fan de takomst.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje