Ieneach (gedicht)

july 15, 2023 09:30
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Yllustraasje: Skelte Braaksma

Ieneach

Ik wie 19, de wrâld lei noch iepen.
Myn tsjinsttiid, dy hie ik al hân.
Wurke yn Grins en bleau dêr te sliepen,
parse strie yn ’t pak, op it wide lân.

Rillegau hie ’k it dêr yn streken,
koe mei de âld boer troch ien doar.
Haw de Grinzers nea echt begrepen,
mar dizze man hie it goed mei my foar.

As ik dy wie, dan gie ik nei Brazylje
en begjin dêr in baas buorkerij.
Kinst dêr moai foar heareboer spylje,
libje as in kening yn ’e frjemdte, en frij.

Ieneach is kening yn ’t lân fan ’e blinen,
it lân is dêr grien en perfoarst net te djoer,
sis my rûnút, wat soesto derfan fine?
Flean dêr takom jier hinne en wurd boer.

Haw fuort sein dat ik deroer neitinke soe,
tocht fuort oan myn freonen en famyljebân,
myn Fryske grûn dêr’t ik net mear rinne soe,
en dat ik dêr ek strie parsje moast op it lân.

Mei in soad wurk en jild binne jo ek net frij,
oeral op de wrâld moatte jo wurkje op moandeitemoarn.
Sa, myn beslút hie ik naam noch foar’t ik wat sei.
Kening Ieneach wie yn in knypeach ferstoarn.

Sander Hoekstra

Yllustraasje: Skelte Braaksma

De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.
july 15, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.