Harns wiis mei foarnommen provinsjale stipe Tall Ships Races 2026
Resint ferskynd
Yn it bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân 2023-2027’ stiet de provinsje Fryslân stil by de Tall Ships Races yn 2026 yn Harns. Eveneminten op it mêd fan kennisûntwikkeling, arbeid en toerisme binne foar de provinsje wichtich. Dêrby wurdt eksplisyt ferwiisd nei it ynternasjonale maritime evenemint dat foar de fjirde kear nei Harns ta komt.

Boarne: Harlingen Sail
Boargemaster Ina Sjerps is bliid dat it nije kolleezje fan Deputearre Steaten jild frijmeitsje wol foar de Tall Ships Races. “De ôfrûne edysjes hawwe wy Harns en Fryslân prachtich op ’e kaart set. Hûnderttûzenen besikers hawwe ûnderfûn hoe’t wy ús maritime DNA taastber witte te meitsjen. Dat de provinsje him krekt as wy hurdmeitsje wol foar de edysje yn 2026 is prachtich.” De Tall Ships Races Harns 2026 wurde yn it bestjoersakkoart neamd ûnder it kopke gastfrijheidsekonomy. Yn it ramt fan dat bredere tema wurdt jierliks 2,9 miljoen euro struktureel frijmakke en fjouwer miljoen foar ien kear yn dizze kolleezjeperioade.
Hûnderttûzenen besikers
Mids juny hat de Ingelske organisaasje STI keazen foar Harns as gaststêd foar de Tall Ships Races. De ynternasjonale float docht ferskillende Noard-Europeeske stêden oan. Yn 2026 sille de unike sylskippen yn de Fryske havenstêd oanlizze. Sûnt 2014 is Harns gaststêd foar it maritime evenemint dat hûnderttûzenen besikers lûkt.
De Tall Ships Races 2026 wurde fan 3 oant en mei 5 july holden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje