Fryske koälysje kiest foar oparbeidzjen
Resint ferskynd
Oparbeidzje foar Fryslân. Sa hjit it Bestjoersakkoart 2023-2027 fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie yn Fryslân.

Oerlangjen fan it akkoart (foto: Provinsje Fryslân)
Mei dy titel sizze de partijen dat se yn ’e mande mei oaren yn en bûten it Provinsjehûs de brede wolfeart yn Fryslân fersterkje wolle. Neist de ynwenners stean en bouwe oan fertrouwen, dat is wat de koälysjepartijen har foarnimme. Se ynvestearje de kommende jierren yn lânbou en natuer, de wenomjouwing, skjinne enerzjy, wurkgelegenheid en de maatskippij mei al syn frijwilligers, ferieningen, organisaasjes, doarpen en wiken.
It akkoart stiet woansdei 19 july op ’e wurklist fan Provinsjale Steaten. De Steaten beneame dan ek deputearren. De koälysjepartijen drage fiif kandidaten foar: Femke Wiersma (BBB), Eke Folkerts (BBB), Friso Douwstra (CDA), Sijbe Knol (FNP) en Matthijs de Vries (CU).
Taheakke: Bestjoersakkoart 2023-2027

Foto: Provinsje Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje