Frysk Museum op ’e siik nei persoanlike museumferhalen

july 31, 2023 08:19

Hawwe jo jo dierbere yn it Frysk Museum moete? Giene jo noch op ’e barrikaden tsjin de nijbou op it Saailân? Of hat it museum altyd in spesjaal plakje yn jo hert fanwegen in bysûndere moeting of foarfal? It Frysk Museum is op ’e siik nei dy ferhalen. Meikoarten fiert it museum syn tsienjierrich jubileum en ta eare dêrfan ropt it museum alle Friezen op om harren persoanlike ferhalen te dielen. Oft it no giet om bysûndere moetingen, grappige anekdoaten of ynspirearjende mominten, se binne allegearre wolkom.

Iepening Frysk Museum troch Keninginne Máxima yn 2013 (foto: Frysk Museum)

Dy persoanlike ferhalen kinne ynstjoerd wurde fia e-mail nei verhalen@friesmuseum.nl, oer de post nei Frysk Museum, ornearre foar ‘verhalenbox’, Wilhelminaplein 92, 8911 BS Ljouwert of ôfjûn wurde by de resepsje yn it museum. Namme en kontaktgegevens moatte fermeld wurde en eventuele foto’s dy’t by it ferhaal hearre, kinne taheakke wurde. De ferhalen wurde bondele op de webside fan it museum en de moaiste wurde om de jubileumdatum fan 13 septimber 2023 hinne spesjaal selektearre.

‘Us echte goud’ (2016) mei it swurd fan Grutte Pier (foto: Frysk Museum)

Tsien jier Frysk Museum
Op 13 septimber 2013 iepene Keninginne Máxima it nije gebou yn it hert fan Ljouwert. Dêrmei waard it Frysk Museum it earste folslein nij boude Nederlânske museum fan de 21e iuw. It museum fiert feest yn it wykein fan 14 septimber, mei in fergees wykein, aktiviteiten foar de hiele húshâlding en mear. Meikoarten wurdt dat programma bekend makke.

www.friesmuseum.nl

july 31, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.