Frysk Museum lansearret podcast oer Kate Bisschop mei Hedy d’Ancona

july 26, 2023 08:25

It Frysk Museum hat in podcast makke by de útstalling Christoffel & Kate Bisschop: Langstme nei eartiids. Dêryn giet de eardere politika Hedy d’Ancona yn petear mei Hanna Klarenbeek, keunsthistoarika en konservator by Paleis Het Loo, en Anne-Marie Segeren, junior-konservator âlde keunst yn it Frysk Museum, oer it libben en de keunst fan Kate Bisschop. De podcast is no te beharkjen op friesmuseum.nl/podcast en fia ferskate podcastapps.

F.l.n.r. Anne-Marie Segeren, Hedy d’Ancona en Hanna Klarenbeek (foto: Bart Homburg)

De oanlieding foar de podcast is de útstalling oer it keunstnerspear Bisschop, dy’t no yn Ljouwert te sjen is. Yn de podcast beprate Hedy d’Ancona, Hanna Klarenbeek en Anne-Marie Segeren wa’t dy Ingelske keunstneresse is, en wat typearjend foar har wurk en persoan is. Hoe hat Kate har as keunstner ûntwikkelje kinne, wêrmei krige se as skilder foet oan ’e grûn yn Nederlân en hoe ferhâldt se har ta har tiidgenoaten? Der wurdt ek bepraat hoe’t it froulike keunstners hjoed-de-dei fergiet; is der noch hieltyd sprake fan in kleau yn omtinken foar harren wurk? De produksje en montaazje fan de podcast is yn hannen fan Josine Zuidema en Alexander Weeber.

Kate Bisschop (boarne: Frysk Museum)

Kate Bisschop
Yn de Londenske advokatehúshâlding dêr’t Kate Bisschop-Swift (1834-1928) yn opgroeit, hearre tekenjen en skilderjen by de opfieding. Mar dêr jins berop fan meitsje is not done. Dochs set se troch. Yn Ingelân bout Kate al gau in flinke reputaasje op. Kate is oanwiisd op selsstúdzje; hja giet nei Parys, Antwerpen en De Haach om yn musea wurken fan grutte masters te kopiearjen, de wenstige manier om jin fierder te ûntjaan. Nei it houlik mei Christoffel fêstiget se har permanint yn Nederlân en kriget se dêr ek foet oan ’e grûn as skilder. Kate is tige oanwêzich yn it brûzjende Haachske keunstnersfermidden. It slagget har om as earste frou lid fan it genoatskip Pulchri Studio te wurden. Yn 1876 heart Kate mei har man by de oprjochters fan de Hollandsche Teekenmaatschappij. As skilder kriget se foaral wurdearring foar har leaflike foarstellingen mei jonge froulju en bern, dêr’t se geregeld mei eksposearret. Mar hoe populêr Kate en Christoffel yn harren tiid ek wiene, tsjintwurdich liket it grutte publyk it keunstnerspear fergetten te wêzen. Dêr bringt it Frysk Museum mei dizze grutte útstalling feroaring yn.

Oer Hedy d’Ancona
Hedy d’Ancona wie dosinte sosjale geografy en planology foar’t se foltiids politikus waard. Hja wie respektyflik Steatssekretaris Sosjale Saken en Wurkgelegenheid, Minister fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer, lid fan de Earste Keamer foar de PvdA en fan it Europeesk Parlemint. Hja wie ek ien fan de oprjochters fan feministysk moanneblêd Opzij. Op it stuit is frou d’Ancona bestjoerder fan in stikmannich kulturele ynstellingen, ûnder mear foarsitter Amsterdamsk Fûns foar de Keunst en it Graphic Museum yn Breda.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 11 juny 2023 oer de útstalling Christoffel & Kate Bisschop.

july 26, 2023 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.