Fragen oangeande in Europeeske talekaart

july 3, 2023 09:54

Ynstjoerd

Noch hieltiten haw ik him, ‘Talen fan Europa’. It is in kaart yn kleur, yn Fryske oersetting yn 2007 útjûn troch de Nederlânske Kommisje fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen. De kaart waard útbrocht by gelegenheid fan hûndert jier Frysk ûnderwiis. It is in bewurking fan in yn 2003 yn Barseloana útkommen Katalaanske edysje. Moai fansels, sa’n propagandistyske kaart. “Mear talen, mear takomst” stiet der ek noch op. Wat wol men noch mear!

Mar der heakket wol wat. Dat komt omdat de krekte grinzen fan it gebiet fan sa’n mearderheids- en/of minderheidstaal oan te jaan binne. Wêr hâldt in taalgebiet op? Mei 50% fan de sprekkers, of 40%, of krekt by 60%? En as minsken ferhúzje? Der kinne ek hiel licht lytse en grutte flaters yn sa’n kartografyske werjefte opdûke. Is it Flaamsk foar de minsken dêr echt wol Nederlânsk? In foarstelling fan Grinslânsk of Drintsk as taal kin ik my noch foarstelle, mar is it Nedersaksysk echt in taal, mei it gefoel dat dêrby heart? It Welshke taalgebiet is as fierstente grut foarsteld. En wat is der noch oer fan it Dútske taalgebiet yn Elzas-Lotaringen? Net folle mear.

Noch slimmer is it yn East-Europa. Soene der – ôfsjoen fan dat lytse rântsje op de kaart – fierderop yn Poalen echt gjin Dútsktaligen mear wenje? Poalen dy’t fia in Dútsktalige oerbeppe of -pake har Dútske roots wer ûntdutsen hawwe en harsels stikem wer as Dútsers beskôgje? In aktueel fraachstik, no’t de stimmen yn Poalen om miljarden oan Dútsk jild foar it leed fan tachtich jier lyn, en dy yn Dútslân foar it wer yn libben roppen fan de grinzen fan 1937 lûder begjinne te klinken? It tebekgean nei de grinzen fan 1937 hâldt yn dat Poalen sawat de helte fan syn hjoeddeistige grûngebiet kwyt rekket oan Dútslân. Om oer de situaasje op de Balkan, mei al syn liken yn ’e kast, mar te swijen.

Op de kaart is ek de Oekraïne as in ienfoarmich twatalich gebiet foarsteld. Mei ek noch in útsteksel Ruslân yn, grutter as alle Fryske taalgebieten byinoar. Dat liket my net bot neffens de realiteit. De hiele Oekraïne, foar safier’t dy al bestie, hat nea folslein Oekraynsk west. Der binne yn de Oekraïne fan âlds hiel grutte ientalich Russyske kriten, lykas al dy regio’s dy’t no nei in referindum by de Russyske federaasje foege binne. En der noch by komme sille.

By de kaart dêr’t ik hjir oer skriuw, giet it om in dúdlik ek mei ‘Europeesk’ jild útjûn produkt. Sa’n West-Europeeske kaart, mei sa’n útsteksel fan it ferûnderstelde Oekraynske taalgebiet Ruslân yn, is fansels ‘gefundenes Fressen’ foar it bewâld yn Kyef. Dat hat foar 2022 alle war dien om fan de Oekraïne in ientalich Oekraynske steat te meitsjen. Mei tûzenen ûnskuldige deaden yn de Donbas as gefolch troch besjittingen fan it Oekraynske leger, op parken, winkelsintra en boargerwenten.

Dat stribjen sil dêrom mislearje. It hat yn it foarste plak in hiel wichtige oarsaak west fan de ellinde dêr’t de Oekraïne no yn sit en wy nei alle gedachten oer net al te lange tiid ek. En twad: de Oekraïne lykas wy dat fan de Bosatlassen kend hawwe, komt der net wer. Der kin in lyts rompsteatsje westlik fan Kyef oerbliuwe. Mar de kâns is ek hiel grut, dat it finaal fan de kaart ferdwynt. Of jo moatte de totale ûndergong fan it minskdom dêrfoar riskearje wolle. En dan hat de Oekraïne ek gjin takomst mear.

(Ja, ik skreau hjirboppe Barseloana, en net dy oantsjutting mei in c. Dy brûke wy yn it Frysk net foar in s. Der bestiet noch hieltiten gjin list mei Fryske skriuwwize fan nammen bûten it Fryske taalgebiet. Dy soe der ris komme moatte. Ik haw dêr al in moai begjin mei makke, mei in atlas derby. Ik bin foar de fonetyske skriuwwize: Niuw Jork yn stee fan New York, Kyef yn stee fan de oeral opdûkende bekende skriuwwizen. En yn Grinslân, Drinte, Oerisel en Hollân it brûken fan de oarspronklik Frysktalige basis fan in hiel soad plaknammen dêr: Kallenseach yn stee fan Callantsoog, Puolmerein yn stee fan Purmerend, Tinarel yn stee fan Tinaarlo, en Wâldmanterp yn stee fan Woldendorp. Mar dat is wat foar in oare diskusje).

Kerst Huisman

july 3, 2023 09:54
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Wiebe Tokkel july 5, 10:48

    “Mei tûzenen ûnskuldige deaden yn de Donbas as gefolch troch besjittingen fan it Oekraynske leger, op parken, winkelsintra en boargerwenten.” It begun as in moai ferhaal, maar jammer genôch is mei Kerst hjir wer ris in slachtoffer fan fake news oan it wurd op dizze stee. Efkes fergetten, seker, dat Putin yn meardere taspraken it hiele bestean fan Oekraïne (en dus ek har taal) ûntkent? Betterskip tawinske.

  2. Kerst Huisman july 5, 13:56

    Rju achtbre hear Tokkel, Jo moatte by it lêzen fan stikken wol efkes Jo bril opsette. Want jo hawwe oer in krusiale fermelding yn de foargeande sin glêd hinne lêzen. Dat is: It bewâld yn Kyef “hat FOAR 2022 alle war dien om fan de Oekraïne in ientalich Oekraynske steat te meitsjen.” Soks waard dien mei in soad geweld tsjin boargers, mei tûzenen deaden ta gefolch. Ruslân hat al dy acht jier dat soks geande wie, gjin militêre aksje ûndernommen, alinnich diplomatyk. Dat se yn Ruslân NO it bestean fan de Oekraïne ûntkenne? Ik bin sa’n útspraak noch hieltiten net tsjinkommen, want de presidint fan Ruslân hat it oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan de Oekraïne, net oer it ferbieden fan de taal of it jin Oekrainer fielen. O ja, by the way (om ek efkes wat Ingelsk te brûken): Wêr helje Jo it rjocht wei om my samar by de foarnamme oan te sprekken?

  3. Wiebe Tokkel july 5, 22:38

    Och, dat sil ik dy fertelle, al kom ik san narsistise fraachstelling leaver net temjitte. Dat rjocht krij ik fan it frije lân wêr wy beide yn wenje meie. En in frij lân is wêr de Oekraïners al mear as in jier foar fjochtsje. En net út Moskou, wêr dyn ûnsinnige ferhaaltsjes wei komme.

  4. Kerst Huisman july 6, 10:14

    Ik tocht eins fan ‘e moarn: Soe dy persoan dy’t te broekskiterich is om ûnder syn eigen namme hjir te reagearjen, ek noch wat te snakken hawwe? En ja hear, dêr wie menear al wer. Sûnder ek mar ien spat kennisse fan wat dêr yn East-Europa eins krekt oan de hân is. It skynber feilich neipraten fan wat er yn kranteberjochten of op de treurbuis tsjinkomt liket menear foldwaande. Dat is it hielendal net, kin ik dy echt wol fertelle as immen dy’t (mei in ûnderbrekking yn it begjin, want ik wie oplaat as ûnderwizer) fan 1962 oant 2002 yn de Fryske sjoernalistyk wurke hat. Ferdjipje dy earst ris yn de saak. Dat doch ik al mear as tsien jier. Ast werklik diskussearje wolst, kom dan ek mei dyn eigen namme.

  5. mbc july 7, 08:48

    Bin bliid datsto net meigongen bist yn de anty-Ruslânhystearje, Kerst. Hie ik ek net ferwachte oars.

    Dat de Russen yn de Oekraïne diskriminearre wurde en mei geweld te meitsjen krigen hawwe sûnt 2014, is gewoan algemien bekend mar wurdt sûnt 2022 ferburgen holden. Fêst om de ‘moraal’ heech te hâlden, sokken as Wiebe ferlieze oars finaal it ferstân (foar safier’t dat al net it gefal is).

    Haw altiten kritysk west oangeande Ruslân, mar russofoob wurde omdat it regear en MSM dat fan jo ferlange, no nee. Boppedat is it alderûnhuerichste dom om in kearn- en enerzjymacht én buorman sa tsjin it hier yn te striken. Soks tsjûget fan oare belangen of gewoan dwylsinnigens.

  6. Wiebe Tokkel (de echte) july 7, 16:00

    Ik tocht al dat ik mei in âlde skoalmaster te krijen hie, it eigenwize en belearende toantsje en it grutte (mar kwetsbere) ego sei my genôch. Datsto net de serieuze kranten en dito nijs folgest (makke troch echte sjoernalisten) mar de tsjustere krochten fan it ynternet en/of de alt-right-ferhalen en/of de RussiaToday-propaganda oer de situaasje yn Oekraïne neipraatst, soe dy dochs oan it tinken sette moatte asto in echte sjoernalist wêze soest. Yn Amerika soesto tink ik earder foar Fox News wurkje, yn Nederlân by Ongehoord Nederland (salang it noch bestiet)? En MBC is sels bang foar Ruslân, dus hâld er em derom mar koest. Alles by inoar nommen winskje ik jimme noch mar ris betterskip. En It Nijs ek.

  7. Ferdinand de Jong july 7, 20:18

    Hear Tokkel (?), dêr’t jo mei war binne, wurd yn akademysk jargon ‘argumentum ad hominem’ neamd. Yn fuotbaljargon ‘spylje op ‘e man’. Besykje ris jo ta beheine ta de ynhâld en sjoch ris nei wat ófpraat is yn de Akkoorden fan Minsk yn 2014.

  8. Kerst Huisman july 8, 10:33

    Ferdiinand de Jong, ik lit him fierder mar tokkelje. Dy persoan praat en skriuwt nei’t er wiis is. Tank foar dyn reaksje. Do dochst it yn elk gefal mei iepen fizier. Sa”t it heart yn Fryslân.

  9. Nanne Hoekstra july 8, 12:46

    Hear Tokkel spilet net allinnich op de man, mar ek op it nijsmedium, dat likegoed in poadium is foar diskusje. Yn in wrâld dy’t net swart-wyt is.

    It Nijs jout geregeldwei omtinken oan taaldiskriminaasje, ûnder oaren yn ‘e Oekraïne. Benammen dêre is taal ek altyd al polityk; sjoch it kaartsje yn in artikel út 2011 (https://www.itnijs.frl/2011/11/timosjenko-ek-noch-moardnerinne/): Oekraynsktaligen binne mear westersk oriïntearre, Russysktaligen sjogge nei it easten. By de taalpolityk hat fansels altyd al meispile dat yn de tiid fan de Sovjet Uny it Oekraynsk just ûnderdrukt waard. Lykwols wurdt dy taal neffens de Wikipedia ek wol yn de oanswettende lannen praat. Dat makket my oars tige benijd nei de taalrjochten fan Oekraynsktaligen yn Ruslân. Dy haw ik op in pypfol.

    Dat it skeinen fan de taalrjochten fan Russysktaligen in wichtige reden wie foar Pûtin om de Oekraïne yn te fallen, wurdt hieltyd ûnoannimliker. It binne ommers foar in grut part de oarspronklik Russysktalige Oekraynske boargers yn it easten fan it lân dy’t hy no algeduerigen bombardearret. Ut Pûtin syn eigen útlittingen docht al bliken dat it him der mear om te rêden is de útwreiding fan de NAFO op te kearen, dêrmei de winsken fan de boargers fan de East-Europeeske lannen skouderjend, en dat er tebek longeret nei it Russyske Ryk fan alear.

    Fierders liket it logysk dat grûnstoffen in wichtige rol spylje. Sa tilt it krekt yn de Donbaskrite, dêr’t al lang om tsierd wurdt, op fan stoffen dy’t wichtich binne foar de enerzjytransysje (lykas litium). De EU hantearret in list fan 30 kritike grûnstoffen dy’t foar ús fan grut belang binne, mar dy’t net yn de oansletten lannen te finen binne. Alteast no noch net: 21 dêrfan sitte yn ‘e Oekraïne wol yn de boaiem en dan benammen yn it easten. Dus ja, dy belangen spylje foar de EU fansels krektlikegoed as foar Ruslân. Grut ferskil is wol dat wy demokratysk besykje te wêzen en boargers sels kieze litte wêr’t se by hearre wolle.

    En tink ris oan de ûnbidige weetfjilden dêrjinsen: Oekraïne wurdt wol de nôtskuorre fan Europa neamd, om’t de boaiem dêre (mei tsjernozem of swarte ierde) sa bûtenwenstich fruchtber is. Neffens rûzingen fan saakkundigen soe de Oekraïne allinnich al de hiele EU-befolking fan iten foarsjen kinne. Dus ja, dat sil ús Europeeske Kommisje-foarsitter frou Von der Leyen lyksa yn har omgean litte, as hja it hat oer stipe foar de tamtearre Oekraïne.

    Yntusken wurket Pûtin syn dwylsinnige oarloch earslings foar him: de NAFO wreidet no fan de skrik just út en de eardere Russyske wingewesten krije in hieltyd grutter ôfgriis fan de nije tsaar. En de Oekraïners ha noch nea sa graach en sa folle Oekraynsk praat. Dat bringt my op in idee: wy ferbiede te uzes it Ingelsk. As Kening Karel dan mei syn Royale Marine optsjocht nei ús kusten, docht dat faaks fertuten foar it Frysk.

  10. Ferdinand de Jong july 8, 18:47

    ‘…boargers sels kieze litte wêr’t se by hearre wolle’?
    En Kataloanje, Baskenlân, Skotlân, Süd-Tirol, Samilân, Bretanje, de Fryslannen, ensafh. dan?
    De iennichste steat dêr’t wol slagge is om de kikkerts yn de kroade te hâlden is fansels Switzerlân, maar dat is dan ek in net-sentralistyske steat, mei èchte boargerrechten.

  11. mbc july 9, 10:45

    ‘Echte sjoernlisten’ skriuwt Tokkel. It is om je bûsen út te skuorren. Yn de DDR waard lyksa tocht.

    Ik soe bang wêze foar Ruslân. Dat der ek minsken binne dy’t pragmatysker handelje wolle, dat is foar in ideolooch as Tokkel mar in griis. As in wylde hûn hat er it oer ‘serieuze kranten en dito nijs’. Hy hat maklik praten fansels, sa’t se ek maklik praat hienen in dy DDR, dit soarte saken oangeande.

  12. Kerst Huisman july 9, 15:53

    It gyng en giet dêr yn it easten fan de eardere Oekraïne net om taalrjochten allinnich, mar om de skandalige wize wêrop’t de boargers in de Donbas behannele waarden. Der binne tusken 2015 en 2022 tûzenen deaden krekt ûnder dy boargerbefolking fallen, feroarsake troch it Oekraynske leger en de dêryn yntegrearre rjochtsekstremistyske striidgroepen fan Azov, Aidar en Prawy Sektor. Ít feit dat sokke groepen operearje mei symboalen, dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt waarden troch ûnder oare de folgelingen fan Stepan Bandera, jout stipe oan de Russyske bewearing dat hja it nazisme yn de Oekraïne bestride. En de Russysktaligen lizze no echt net ûnder it fjoer fan it Russyske leger, mar fan dat fan de Oekraïne, by har besjittingen fan gebieten dy’t yn Russyske hannen binne.
    Dat de NAFO no simpelwei reagearret op Russyske aksjes, wol ik ûntstride. En wol hjirom: op 3 april 2008 (15 jier lyn) hat de Noard-Atlantyske Ried yn syn gearkomste yn Boekarest in ferklearring útjûn. Yn de 23ste paragraaf fan dy ferklearring stiet: “NATO welcomes Ukraine’s and Georgia’s Euro-Atlantic aspirations for membership in NATO. We agreed today that these countries will become members of NATO’’. Der wienen doe al fierstentefolle lannen út it eardere Sovjetblok talitten ta de NAFO, wylst it Westen oan Gorbatsjow ûnthjitten hie dat net neistribje te sillen. En dochs dienen se it.
    Nei dy NAFO-konferinsje yn Boekarest warskôgen doe diplomaten, bygelyks Henri Kissinger, om dit net troch te fieren. Lidmaatskip fan de Oekraïne fan de NAFO wie in reade streep foar Moskou, skreaunen se. Mar se wolle it noch hieltiten trochsette. Mei alle gefaren dy’t dêryn sitte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.