Foarstelling Fryske teätermakker selektearre foar Amsterdam Fringe Festival

july 10, 2023 08:18

De foarstelling Pinokkio lost time fan de Fryske teätermakker Romke Gabe Draaijer is selektearre foar it Amsterdam Fringe Festival. De foarstelling waard njonken dy fan sechstich oare jonge nije Flaamske en Nederlânske teätermakkers keazen út 430 oanmeldingen en sil te sjen wêze tusken 7 en 9 septimber yn CC Amstel yn Amsterdam.

Foto: Moon Saris

Pinokkio lost time
Hoe is it om op te groeien of te wenjen op it Fryske plattelân as men oars is as de noarm? Dy fraach late by teätermakker Romke Gabe Draaijer (33) ta de foarstelling Pinokkio lost time, dy’t op 17 febrewaris dit jier by Tryater yn Ljouwert yn premjêre gie. Draaijer, dy’t opgroeide yn Molkwar, hold fraachpetearen mei sa’n fyftich Fryske lhbtiq+’ers oer de syktocht nei harren seksuele en/of geslachtsidentiteit yn in heteronormatyf fermidden.

De fraachpetearen wiene de fiedingsboaiem foar de foarstelling Pinokkio lost time, in mjuks fan dûns, spul en muzyk, útfierd troch David Scharz, Geronimo Chancoso en Tom de Ronde. De foarstelling stekt it klassike ferhaal fan Pinokkio yn in nij jaske: fan houten marionet feroaret Pinokkio stadichoan en al stroffeljend yn in minske fan fleis en bloed.

Amsterdam Fringe Festival
It festival toant alle jierren yn septimber alve dagen lang in miks fan teäter, útfiering en dûns fan nij, opkommend en net te bedimjen Flaamsk en Nederlânsk talint. Foardat de foarstelling ôfreizget nei Amsterdam, dêr’t er op 7, 8 en 9 septimber te sjen wêze sil, is er noch twa kear yn Fryslân te sjen en wol op 1 en 2 septimber yn it teätergebou fan Tryater yn Ljouwert. Kaarten binne te keap fia www.firmadraaijerendevries.nl.

Foto: Tryntsje Nauta

Oer de makker
Teätermakker Romke Gabe Draaijer begûn yn septimber 2021 mei de masteroplieding teäter oan de Toanielakademy yn Maastricht. Yn it ramt fan dy stúdzje befreget en ûntjout er syn autonome keunstnerskip oan ’e hân fan in artistyk ûndersyk. Mei stipe fan teäterselskip Tryater dûkt er de kommende twa jier yn it tema lhbtiq+’er wêzen yn Fryslân, dêr’t ferskillende keunstprojekten tawurkje sille nei in einproduksje yn ’e winter fan 2025.

Pinokkio lost time is it earste projekt út dy rige. Yn ’e simmer fan 2024 folget it stik WILDE, basearre op de blomrike en (homo-)eroatysk laden teksten fan Oscar Wilde. Dat sil útfierd wurde op plakken dy’t fan betsjutting binne foar de lhbtiq+-emansipaasje yn Fryslân.

july 10, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.