Film oer Grutte Pier ek te sjen yn Amearika

july 15, 2023 09:36

ITN Distribution hat distribúsjerjochten yn Noard- en Latynsk-Amearika kocht foar de film Grutte Pier fan Steven de Jong Films. De film kriget yn Amearika de titel Fight for Freedom.

Boarne: Steven de Jong Films

De film, dy’t ek beskikber is as in minysearje fan fiif kear tritich minuten, is in epos oer de ferneamde Fryske frijheidsstrider, Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier. Hy is in sêfte reus dy’t, as syn famylje brutaal fermoarde wurdt, yn in troch wraak oandreaune moardner feroaret. Yn syn syktocht nei gerjochtichheid is er as in beaken foar it folk en hy wurdt harren lieder yn de striid foar ûnôfhinklikens. De film is regissearre troch Steven de Jong.

Milan van Weelden spilet de haadrol neist ûnder oare sjongeres en aktrise Elske DeWall en komponist en akteur Syb van der Ploeg. De oarspronklik Frysktalige film sil neisyngronisearre wurde yn it Ingelsk, Spaansk en Portugeesk, lit Stuart Alson, direkteur fan ITN Distribution witte.

july 15, 2023 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.