Filipynsk reklameburo makket blunder mei bylden út oare lannen

july 7, 2023 10:28

De Filipinen lansearren ôfrûne wike in nije kampanje om toeristen nei de eilannegroep yn Súdeast-Azië te lûken. Yn in promoasjefideo wikselen bylden fan in lânjend fleantúch, rysfjilden, dunen en fiergesichten inoar ôf. De fideo kriget krityk om’t in protte bylden út oare lannen brûkt binne.

Foto: pixabay.com

It fleantúch lânet nammentlik yn Switserlân, de fisker op de bylden is eins yn Tailân, it rysfjild is op Baly en de dunen binne yn Dubai. It reklameburo dat it filmke makke hat, hat ûnderwilens ekskuzen oanbean en sprekt oer in “jammerdearlik fersin”, skriuwt de Filipynske krante Philstar. It is net ûnwenstich om yn promoasjefideo’s bylden te brûken dy’t net troch in bedriuw sels opnommen binne, seit it bedriuw, mar dat past net by in toerismereklame.

It reklameburo neamt it brûken fan de bûtenlânske bylden dan ek tige ûnfoech en tsjinstridich mei de opdracht fan de Filipynske oerheid. Dy seit dat it reklameburo in kearmannich befêstige hie dat orizjinele bylden yn behear fan it bedriuw brûkt wiene. Neffens it bedriuw is der gjin belestingjild oan de fideo útjûn, mei’t dy gjin ûnderdiel fan de offisjele kampanje is. It reklameburo betelle de fideo sels, liet in wurdfierder oan Filipynske media witte.

De steatssekretaris foar Toerisma sei by CNN Philippes earder dat de folsleine kampanje, mei de namme Love the Philippines, 49 miljoen Filipynske peso’s, omrekkene 800.000 euro, koste hat. De fideo is troch it marketingbediruw fan Facebook ôfhelle, mar oaren hawwe de bylden op YouTube set, dêr’t se noch wol te sjen binne.

july 7, 2023 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.