Fiifenfyftich monumintale Fryske tsjerken yn byld

july 13, 2023 08:22 Fernijd

It fyftichjierrich jubileum fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken yn 2020 wie foar Gerrit Terpstra oanlieding om alle tsjerken fan de stichting fêst te lizzen op lino’s.

Boarne: Wijdemeer

Boarne: Wijdemeer

Allinnich of mei syn frou Tineke socht er alle 55 godshuzen op. Hy makke foto’s, liet it gebou op him ynwurkje en gie dêrnei yn syn atelier oan ’e slach mei in tekening dy’t de basis foarmet foar in lino, in ôfbylding dy’t útsnien wurdt út in stik linoleum en dêrnei mei spesjale inket op akwarelpapier printe wurdt. Fan alle tsjerken makke Terpstra in searje fan tolve printen, foar in part mei ferve yn ferskate kleuren ynkleure.

Yn it boek 55 Alde Fryske Tsjerken binne al dy 55 linosneden opnommen, mei de tolve ôfdrukken ynbegrepen. It boek begeliedt in simmereksposysje yn ’e Grutte Tsjerke yn Ljouwert, dêr’t de linosneden – en oar wurk fan Gerrit Terpstra – te sjen binne.

De bân tusken Gerrit Terpstra en de Stichting Alde Fryske Tsjerken giet tebek op de tiid dat er it tsjerkje fan Ginnum hierde as atelier, nei’t er earder al yn de tsjerke fan Sânfurd wurke hie. Talleaze projekten en eksposysjes kamen dêr ta stân. Terpstra liet him dêrby ynspirearje troch de oertsjûging dat de tsjerke iuwenlang it hert wie en faak noch is fan mienskippen fan minsken. “tiid en fergonklikheid hawwe my altyd dwaande holden. Al fertoant it gebou sels de spoaren fan de skiednis, de tsjerke hold stân wylst alles deromhinne hieltyd oan feroaringen bleatstie.”

july 13, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.