Ekstra subsydzje foar boeren om stikstofútstjit te ferminderjen

july 12, 2023 08:18 Fernijd

De provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte stelle € 8,75 miljoen ekstra budzjet beskikber om de stikstofútstjit by agraryske ûndernimmingen tebek te kringen. De Ynvestearringsregeling Reduksje Stikstof dy’t 7 juny 2023 yngie, wie yn trek en berikte al op 12 juny 2023 it maksimum.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn de earste omgong siet in budzjet fan goed € 13,75 miljoen. Mei-inoar hawwe 416 bedriuwen in subsydzje-oanfraach dien. Sa’n tsien persint fan de melkfeehâlders hat subsydzje oanfrege; 258 yn Fryslân, 84 yn Grinslân en 74 yn Drinte. It grutste part frege subsydzje oan foar dongrobots en foar de oanlis of útwreiding fan opslach- en opfangkapasiteit foar reinwetter en fan kapasiteit foar dongopslach. In grut part die ek advysoanfragen. De ferwachte reduksje fan de stikstofútstjit mei de oanfrege maatregels op in bedriuw is sa’n fiif persint.

Mei de subsydzje wolle de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte ynvestearringen stimulearje dy’t bydrage oan it ferminderjen fan stikstofemisje yn in agraryske ûndernimming. En dêrmei ek de delslach op oerbelêste Natura 2000-gebieten. De deputearren Henk Jumelet (Drinte), Klaas Fokkinga (Fryslân) en Johan Hamster (Grinslân) binne bliid dat der in soad belangstelling is foar de regeling. It lit neffens harren sjen dat der by boeren reewilligens is om kennis en fakmanskip yn te setten foar de reduksje fan stikstof.

It Ryk hat mei-inoar € 55 miljoen reservearre foar ienfâldige maatregels dy’t de stikstofútstjit redusearje. Op basis fan de ûnderfining mei de earste en de hjoeddeistige iepenstelling wurdt keazen hokker maatregels oft der yn de folgjende omgong, fan ’t hjerst, subsidiearre wurde. It stribjen is de stikstofútstjit mei 20 persint te ferleegjen.

In oanfraach yntsjinje kin fan 6 july ôf by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Mear ynformaasje is te finen op de webside fan SNN.

july 12, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.