Einpresintaasje Olivia D’Cruz ‘Water Witching’ yn Keunsthûs SYB

july 30, 2023 08:19

Olivia D’Cruz hat fan 26 juny ôf residinsje holden yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. De namme fan har projekt is Water Withing: A research on landscape and fiction. Yn 2022 wie Olivia ien fan de fiif selektearre gadingmakkers foar de Sybren Hellinga Keunstpriis, dy’t it keunsthûs om ’e trije jier organisearret.

Olivia D’Cruz ‘Water Witching’ (foto: Keunsthûs SYB)

By har residinsje yn Keunsthûs SYB liet Olivia D’Cruz har ynspirearje troch de praktyk fan it wicheljen om de minsklike relaasjes mei it lânskip te ûndersykjen. Wicheljen, ek bekend as wichelroederinnen of, yn it Ingelsk, water witching en dowsing is in praktyk dêr’t in twiich yn foarkfoarm of in pear L-foarmige brûnzen stêven by brûkt wurde om ûndergrûnske wetterboarnen, minerale ôfsettingen of ferlerne foarwerpen mei op te spoaren.

De keunstneresse reflektearret op it histoaryske gebrûk fan wicheljen yn systemen fan grûnstofwinning. Boppedat ûndersiket se troch petearen mei lokale bewenners hokker oantinkens oft dy hawwe oan it gebrûk fan wicheljen of soartgelikense praktiken om wetterputten, boarnen, mineralen of sels ferlerne foarwerpen te lokalisearjen. De kuiertochten, moetingen en petearen hat Olivia dokumintearre mei fideo- en filmopnamen en dy úteinlik ferwurke ta in film.

Op snein 30 july is de einpresintaasje. Nigethawwers binne fan herten wolkom. Keunsthûs SYB is fan 13.00 oant 17.00 oere iepen.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.kunsthuissyb.nl.

july 30, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.