Dokumintêre oer ferstoarne Sinéad O’Connor te sjen op NPO Start

july 29, 2023 08:18

Nei oanlieding fan it ferstjerren fan sjongeres Sinéad O’Connor (56) ôfrûne woansdei, is de dokumintêre Nothing Compares in wike lang te sjen op NPO Start. Fan 4 augustus ôf is de film fanwegen rjochten allinnich op NPO Plus te sjen.

Sinéad O’Connor (boarne: © Tara Films and Ard Mhacha Productions 2022)

De dokumintêre út 2022 fan regisseur Kathryn Ferguson, dy’t wrâldwiid in soad priizge waard, lit Sinéad O’Connors groei ta wrâldwide popstjer sjen en ûndersiket hoe’t se har stim op it toppunt fan har rom brûkte, oant se yn ’e ban dien waard om’t se mei har persoanlikheid tsjin mannich hillich húske trape. Mei de fokus op frou O’Connors wurden en dieden tusken 1987 en 1993, presintearret Kathryn Ferguson in moderne, feministyske blik op de pionier.

Yn de filmyske argyfdokumintêre binne baanbrekkende muzykfideo’s en konsertregistraasjes te sjen, njonken nea earder fertoande bylden út de perioade 1987-1993. Dat argyf wurdt begelaat troch in nij fraachpetear mei O’Connor sels, dêr’t se út in hjoeddeisk perspektyf wei op de foarfallen reflektearret. Ferhalen út de earste hân fan hjoeddeiske artysten, musisy en maatskippijkrityske yndividuen folje it gehiel oan. Dy bringe bredere tema’s op it aljemint lykas de skiednis fan Ierlân, de polityk en it wrâldwide aktivisme. Dat dogge se troch hieltyd nei Sinéad O’Connors keunstsinnigens, ynfloed en neilittenskip te sjen.

Sinéad O’Connor (boarne: © Tara Films and Ard Mhacha Productions 2022)

De yn Belfast berne Kathryn Ferguson is in ynnovative en grinsferlizzende regisseur, dy’t har rjochte hat op koart wurk oangeande identiteit, geslacht, polityk en mienskipssin. Mei Nothing Compares makket se har debút op it mêd fan dokumintêrefilms. Dy dokumintêre waard offisjeel selektearre foar de World Cinema Documentary Competition op it Sundance Film Festival. Dêrnei sleepte se ferskate prizen yn ’e wacht, mei ûnder mear Bêste Ierske dokumintêre op it Galway Film Fleadh, publykspriis foar bêste dokumintêre op it Aegean Film Festival en de publykspriis by Docs Ireland. De dokumintêre hat ek trije British Independant Filmprizen wûn.

Dokumintêregegevens
Regisseur: Kathryn Ferguson
Produksje: Eleanor Emptage en Michael Mallie foar Tara Films (Feriene Keninkryk) en Ard Mhacha Productions (Ierlân), yn gearwurking mei Field of Vision.
Jier: 2022

De film is hjir te sjen.

Sinéad O’Connor (boarne: © Tara Films and Ard Mhacha Productions 2022)

july 29, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.