Doede Wiersma: Leafde makket ta prins en prinses

july 30, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

In mem brocht har dochter fan fjirtjin mei twa kammeraatskes nei in skoalfeest. Earst wiene se in oere oan it ‘optutten’. De mem fertelde: “Se kamen de keamer yn as strieljende nymfen, mei each-make-up, keatlinkjes, strakke truikes, opstutsen hier. Folslein ûnskuldige, kreaze famkes, mei eagen fol hoop en ferwachting dy’t útseagen nei romantyk en leafde. Doe’t ik se by de skoalle út ’e auto sette, hearde ik de swiere dreun fan ’e muzyk en efter de glêzen seach ik de skimen fan grutjonges. It wie sa driigjend en ik tocht: Myn God, moat ik myn prinseskes yn dy rôvershoale efterlitte? En doe’t ik se dy nachts wer ophelle, sieten der trije swijende famkes yn ’e auto. Ik frege: ‘Hoe wie it?’ ‘O, leuk.’”

It famke út it Heechliet is in túnkersdochter. Se is brúnferbaarnd troch de sinne omdat har bruorren har wreed oan it wurk setten yn ’e druvetún (1:5 en 6). De jonge is in skieppehoeder (1:7). Mar troch de leafde wurde gewoane minsken ta prinsen en prinsessen, ta keningen en keninginnen. Al yn it fjirde fers seit it famke: “Bring my yn dyn keamers, o kening.” Sa ek yn 1:12. Sjocht se yn har fantasy har ferloofde as breugeman sitten yn ’e draachkoets fan Salomo? (3:6-11)
En de breid? Neffens har feint meie der sechstich keninginnen en tachtich byfrouwen yn it paleis wêze en yn it lân fammen net te tellen, mar der is mar ien lykas myn doke, myn folsleine (6:8 en 9). Salomo mei syn hiele harem fan tûzen froulju wol hâlde, hy is wiis mei dy iene frou (8:12).
Yn it hast net oer te setten fers, 6:12, soe de frou sizze: “Ik begryp der neat fan, mar myn wêzen kin allinne mar leafhawwe, dy leafhawwe!”

Is it dan frjemd dat dy man dêrop útbarst yn ien jubeljende lofsang? (Mimi Deckers-Dijs, ‘Hooglied’).

Dyn slank postuer is as in palmbeam,
dyn boarsten binne dadeltrossen.
Ik tocht: ik wol yn dy palmbeam klimme
en nei syn trossen gripe. (7:8 en 9)

Lêze: Heechliet 1:4 en 7:1-9

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 30, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.