Doede Wiersma: It njoggende wurd

july 23, 2023 07:22

Oertinking

Stean yn foar in suvere rjochtspraak; lit it oeral en altiten earlik om en ta gean

Wat soe dat geweldich wêze as ús rjochtspraak suver wie en as it oeral en altiten earlik om en ta gie!
Hoe aktueel is dit appèl!
Wy libje ommers yn in wrâld fan fraude, fan smearlapperij en maffiapraktiken, korrupsje, omkeaperij, manipulaasje en organisearre misdied! Sels foaroansteande rjochters jouwe ta dat riken yn ús lân in foarsprong hawwe by it gerjocht. Dy kinne it ommers folhâlde om hieltyd wer yn heger berop te gean, wat al by in saneamde foarmflater mooglik is.

Mei it wurd ‘rjocht’ reitsje wy it hert fan de Bibel. Jesaja neamt God “Dy fan it rjocht”! It wurd ‘rjocht’ en de wurden dy’t dêroan besibbe binne, komme grif wol trijetûzen kear foar yn it Earste Testamint, dat him fûleindich keart tsjin omkeaperij en falske tsjûgen (Spreuken 17:23; 21:14; Jesaja 1:23), en tsjin it frijsprekken fan de skuldige en it feroardieljen fan de ûnskuldige (Spreuken 17:15; 18:5; 19:5, 9, 28; 24:24; 25:18).

Betroubere minsken sprekke de wierheid (Spreuken 14:5, 25).
De rabbelerijparse yn Nederlân foarop, lit sjen dat hiele en heale leagens deryn geane as koeke.
Wat hat de mienskip, wat hawwe wy de besieling fan it njoggende wurd dochs bot nedich.
En as in earme oprjocht syn paad giet, is er better as in rike dy’t ferkearde wegen giet (Spreuken 28:6).

Lêze: Spreuken 28:1-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 23, 2023 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.