Doede Wiersma: Beppe sil se wurde!

july 2, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Ruth en Obed. Michelangelo Buonarroti (1475–1564). Publyk domein.

Entûsjaste ferhalen hearde ik yn it pastoraat fan minsken dy’t foar ’t earst pake en beppe waarden. “Fan myn eigen bern ha ’k noait in foto by my hân, mar sjoch, dominy, dit is myn beppesizzer!”

Wy seagen de foarbye dagen hoe’t Noömy fleuriger, kreativer en striidberder waard. Mar op it stuit dat se beppe wurdt, is it gelok kompleet. Folkert Verbeek hat it sa goed oanfield. Hy lit Noömy sjonge:

’t Libben hat wer doel en sin
no’t ik beppe wurden bin.

Noömy de leaflike, waard Mara de ferbittere. En no komt it leaflike werom. Sy dy’t leech wie, rint fol! Sjoch har dêr ris sitten, mei de lytse poppe op ’e skurte! De froulju fan it doarp binne yn alle steaten. Foar de wrokkerige Noömy hiene se gjin wurden, mar no brûke se in soad en hiele djoere:

– Heech te priizgjen is de Heare dy’t foar in losser soarge! (Bo-az: yn Him (mei in haadletter) is krêft).
– De lytse jonge jout jo de libbenskrêft werom en fersoarget jo âlde dei.
– Ruth is mear foar jo as sân soannen! (sân is de folheid).

Wat minsken dogge, ‘hy kaam by har’, en wat de Heare docht, ‘sy waard swier’, rint hiel natuerlik yninoar oer (Ruth 4:13).
Twa grutte persoanlikheden binne it, dy Boäz en Ruth, mar harren besieling is de God mei de Namme JAHWÈH. Dêrom kriget it bern de namme Obed. Dat betsjut: hy dy’t de Heare tsjinnet.
Opfallend dat Noömy noch mear groeit nei in posityf godsbyld. Gelokkich mar, want as oppasbeppe mei se lytse Obed foardwaan hoe’t dat tsjinjen fan de Heare foarm kriget.
Wat leit it grutte wurk dochs ticht by hûs.

Lêze: Ruth 4:13-17

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 2, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.