De Fear foar Hindrik van der Meer
Resint ferskynd
Moandei 3 july hat in delegaasje fan de Ried fan de Fryske Beweging, besteande út foarsitter Reinder Reitsma, skriuwer Nynke Beetstra en Jehannes Elzinga, by Hindrik van der Meer en syn frou Beitske yn Fûns del west om Hindrik de Fear yn ’e Broek fan de Ried oan te bieden mei in byhearrende oarkonde.

Foarsitter Reinder Reitsma jout de Fear oan Hindrik van der Meer (foto: Nynke Beetstra)
Foarsitter Reinder Reitsma fan de Ried spruts nochris it grutte belang fan Hindrik syn krewearjen út foar de muzykwrâld yn Fryslân en de Fryske teksten by de ûnderskate muzykstikken. Ien en oar stiet ek beskreaun yn taheakke oarkonde.
Hindrik wie der tige mei ynnommen, mar joech oan dat er it allegear net dwaan kinnen hie sûnder de stipe fan syn frou Beitske.

Hindrik en Beitske mei de Fear (foto: Nynke Beetstra)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje