De ‘Eigenheid’ fan Sietske Poepjes

july 11, 2023 09:00

“Hjir foar jimme stiet Sietske út Makkum, dy’t in boek skreaun hat. Ik bin wol wat senuweftich. Want is it wol goed genôch…?” Sa begûn deputearre Sietske Poepjes de presintaasje fan har boek yn de Steateseal fan it provinsjehûs. Utjouwer Steven Sterk hie har frege en oantrune om in boek te skriuwen. En no wie it der.

Beskieden, ja, ûnwis, naam Sietske Poepjes de oanwêzigen mei op de reis fan it skriuwen fan har boek Eigenheid. Het belang van regionale culturen. “Nee, net yn it Frysk,” glimke Poepjes, “dêr moatte wy it noch efkes oer hawwe.” Har tiid as deputearre hat west. Sy hat har altyd tige ynset foar de Fryske taal.

Mar wêrom hat se dit boek skreaun? Se joech direkt it antwurd. De minsken yn Fryslân kinne de nije Habsburgers wêze of wurde. It Habsburchske Ryk hie in soad kultueren en dus talen. Mar der wie wol in unifoarme identiteit mooglik. In boarger yn dit grutte ryk hie mear as ien identiteit, of koe dy hawwe. En dêr wurde minsken fleksibeler fan, sei Poepjes.

Yn har boek beskriuwt deputearre Poepjes de Fryske eigenheid troch de iuwen hinne. Dy eigen identiteit fan it ferline is weardefol foar de takomst. Alle regio’s hawwe in eigen eigenheid of identiteit. Poepjes set dy ferskillende identiteiten foarinoar oer en ûndersiket wat wy dêrfan leare kinne. Se lange it boek oan har mem oer. “Skiednis is in ding yn de famylje”, sei se. Heit en mem sleepten har en har broer altyd mei nei musea. Nei de besite moast der praat wurde oer wat se sjoen hiene.

Frou Poepjes slút ôf. De resepsje fan har ôfskied as deputearre, tagelyk mei dat fan de deputearren Douwe Hoogland, Avine Fokkens-Kelder en Klaas Fokkinga, begjint hast. Binne der noch fragen, yn dit hûs fan de demokrasy? Ja, ropt ien út ’e Steateseal: “Wêrom hast it boek net yn it Frysk skreaun?” De minsken moatte laitsje.

“Ja,” binne de lêste wurden fan de âld-deputearre, “dy fraach hie ik ferwachte. Ik woe it boek graach foar elkenien beskikber meitsje.” En dan begjint it lokwinskjen en it sinjearjen fan de boeken en efkes letter de ôfskiedsresepsje yn it restaurant fan it Provinsjehûs. Nei tolve jier swaait Sietske Poepjes ôf. Mar se is al dwaande mei har twadde boek.

Boekgegevens
Sietske Poepjes, Eigenheid. Het belang van regionale culturen
Paperback, útj. Noordboek, € 24, 90
240 siden, ISBN 9789464711110
útkommen op 6 july 2023

 

july 11, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.