Bûsboekje mei Sterke Ferhalen

july 27, 2023 09:05

© Bûsboekje

Ferline wike is yn it Priuwlokaal fan Brouwerij Grutte Pier yn Bartlehiem it Fryske Bûsboekje foar 2024 presintearre. Oer dat plak wie goed neitocht: yn brune kafees en oer Grutte Pier wurde sterke ferhalen ferteld. En sterke ferhalen foarmje it tema fan it nije bûsboekje, sa waard dêr buorkundich makke.

By de presintaasje songen, alhiel neffens it tema, Nanne Kalma en Ankie van der Meer, fan it eardere Irolt, in liet oer in sterk ferhaal. En fertelden teatermakkers Jan Arendz en Marijke Geertsma oer harren foarstelling ‘Sterk Staaltsje‘ mar ek oer harren nije programma ‘Fêste Grûn‘. Der stiet in fraachpetear mei harren yn it nije Bûsboekje. Op ‘e foto krije Marijke Geertsma en Jan Arendz foar de bierfetten it alderearste eksimplaar fan it Bûsboekje foar 2024 oerlange troch redaksjelid Piter Andringa.

Op it omkaft fan it nije Bûsboekje stiet in leagenbankje; ek sa’n plak dêr’t de sterkste ferhalen omgean.

De Frysktalige aginda is ynkoarten wer rûnom te krijen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it Bûsboekje.

Boarne: Bûsboekjeredaksje

It Bûsboekje is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging.

july 27, 2023 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.