Briefkje (75): Wat is eins ‘hielendal goed’?

july 25, 2023 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Yn de rigel boppe de ôflevering fan ferline wike stie “syn lêst brief”. Do en ik hiene it der al ris oer hân oft it lêst of lêste wêze moast, en doe kamen wy ta de konklúzje dat in eigenskipswurd foar brief net bûgd wurdt, want de regel is dat eigenskipswurden foar it-wurden (yn dit gefal it brief) allinne bûgd wurde as der it, dit of dat foar stiet.
Dêr kamen reaksjes op: it moat “syn lêste brief” wêze. Ien fan de reagearders brocht, doe’t we mei him oerleine, in oare regel yn it spul: “lêst is hjir gjin eigenskipswurd mar in telwurd en dy wurde foar it-wurden wol bûgd. Ferlykje mar mei syn earste, fiifde, safolste, middelste brief.” Dat klinkt oannimlik en der is dan ek tankber gebrûk fan makke; lêst is feroare yn lêste. De fraach is no wêr’t dy regel te finen is.

Ik wol it hjoed oer in ferskynsel hawwe dat my fan ’e wike oan it tinken sette. Ik wit net hoe’t it dy giet, mar it komt my foar dat men tsjintwurdich de telefyzje net oansette kin of der is wol in spultsje of in kwis foar. It falt my – en dy faaks ek wol – op dat de spullieders sa faak “Dat is hielendal goed!” of “Hartstikke goed!” roppe, no ja yn it Hollânsk dan. As se dat nei it beäntwurdzjen fan in mearkarfraach dogge, freegje ik my ôf oft it ek minder goed wêze kinnen hie. As der mar ien goed antwurd te kiezen is en de oare mooglikheden der fier by troch binne, wêr slacht dan dat ‘hielendal’ op? Is ‘goed’ net genôch? Wat betsjut goed eins?

Op skoalle krigen we in 10 as we alle sommen goed hiene, en we learden fan goed-better-bêst. Mar it bliek noch better te kinnen, want yn it rapport stie dat in 8 goed wie, in 9 tige goed en in 10 poerbêst! As we op in opstel in 8 krigen, dan wie dat goed, mar der wie romte foar in heger sifer foar as it better west hie. Doe brutsen we ús dêr de holle net oer, mar de útroppen fan de kwislieders setten my oan it tinken.

‘Goed’ hat mear as ien betsjutting, it is mar krekt yn watfoar ferbân it sein wurdt. Is it goed of fine we it goed? As alle sommen goed binne, is der mar ien mooglikheid. Better kin it net. Dêr falt neat oars fan te finen as datst der bliid mei wêze kinst. By in opstel giet it om de kwaliteit en/of de orizjinaliteit fan de tekst. Dan komt it op in oardiel oan. Dêr kin fan alles yn behelle wurde, bygelyks wa’t it skreaun hat en wat fan har/him ferwachte wurde mei en sels oft der progresje út blykt. De 8 fan de iene hoecht dus net foar itselde te stean as de 8 fan in oar. It hinget der ek fan ôf wa’t it opstel beoardielet. De iene ferwachtet mear as de oare. Dat hat der ta laat dat op guon skoallen net of minder mei beoardielingsifers wurke waard. Wurdrapporten, wol of net yn kombinaasje mei sifers kamen yn ’e moade.
‘Goed’ wurdt ek brûkt as we earne akkoart mei geane. “Mem, mei ik op fuotbaljen? Heit fyn it goed.” Wat bedoelde dy heit trouwens, doe’t er sei dat it goed wie? Joech er tastimming of achte er it in goed ding dat de jonge op fuotbaljen gie?

Om op de spullieders werom te kommen, ik tink dat dy net kâldwei “goed” sizze, omdat se ferlet fiele om emoasje blike te litten, omdat se de kandidaat opmoedigje wolle, omdat se de spanning opskroeve wolle en in feestlike sfear skeppe wolle. Foar it oanwêzige publyk en de tv-sjoggers is dat ek better. Se soene der tink goed oan dwaan en kies in wat riker palet lykas “Wat goed!”, “Moai, dat is goed!”, “Geweldich, wat knap!”, gjalpen dy’t harren emoasje werklik oerbringe. Of sjoch ik it ferkeard?

Mei freonlike groetnis,

Jan

july 25, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frou T.Vos july 26, 13:16

    Moai, dy útliz fan lêste en lêst

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.