Briefkje (74): Hat Ewoud Sanders in punt?
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.
Bêste Jan,
It boek Het n-woord fan Ewoud Sanders, dêr’tsto my in wike of wat lyn op wiisd hast, hat yn ’e parse frijwat omtinken krige. It lit my mar net los: fansels hat er in punt*, mar oertsjûge bin ik net. In wurd kin it dochs net helpe dat der safolle negative betsjuttingen oan jûn binne? En dat wy dan fan skrik allinnich de earste letter derfan noch mar neame doare, is dochs wol wat apart. Eangst foar de grouwélige (by)betsjuttingen. Hoe wurket soks no op ús gefoel yn?
Der binne wurden dy’t ik leaver net sis. Flokwurden bygelyks, dy’t tsjinje om te ymponearjen of jins lilkens en ûnmacht te beswarren. As wy mei it n-wurd oanjaan soenen dat minsken mei in donkere hûdskleur in flok binne, dan leit him dat net oan dat wurd, mar oan de ferkearde betsjuttingen dy’t guon lju deroan jûn hawwe. Dy lju wienen mis, net it wurd! Wite minsken, dêr’t ik sa’n wurd om sis, wolle it near lizze op it b-wurd, omdat blanken in oerhearskjende, arrogante posysje yn ’e wrâld ynnimme soenen. It binne gefoelichheden fan minsken en dêr soe de taal skuld oan hawwe. It kin mei gefoelichheden nammers hiel fier gean. Sa wie der in man mei in brune hûdskleur by ien te gast. Op de fraach “Meie jo wol in browny (in swiet sûkeladekoekje) by de kofje?” reagearre er misledige: se moasten net tinke dat er dom of sneu wie mei syn brune kleur. As de gasthear of -frou frege hie: “Jo drinke de kofje swart, tink?” dan hie it faaks in oar ferhaal west. It leit him net oan de wurden sels, mar oan it taalgedrach en de ynterpretaasje dêrfan.
Wurden dy’t hielendal gjin negative (by)betsjutting hawwe, kinne wol mei in ûngeunstige konnotaasje brûkt wurde. Ik tink oan it Fryske wurd wiif. Troch ynfloed fan de Hollânske noarm wurdt dat hast net mear brûkt, of man en wiif moatte slaande deilis wêze. De bakker sloech syn wiif, mar dat wie fansels in aaklik minske, in ‘takkewijf’ (en it kin noch slimmer, mar dêr wit ik gjin Fryske wjergaders foar). Ik bin wiis mei myn wiif! (mar it is langer riskant om it sa te sizzen).
Pisjen is ek sa’n wurd. It Frysk Hânwurdboek jout in lytse tsien wjergaders foar it ôffieren fan urine. It hinget fan de situaasje dêr’t it yn brûkt wurdt ôf hokfoar wurd oft it bêste past, mar wy hoege dochs net it near te lizzen op it p-wurd, it s-wurd, it w-wurd ensfh.? Wa’t dat leaver wol, kin altyd noch de geit ferstekke.
[*Oer de titel fan dit brief: wat is in punt? Ik bedoel gjin puntholle.
As ien in punt hat, wurdt dêrmei bedoeld dat er in goed argumint yn de diskusje bringt. In punt is dus in idee, in aspekt fan de saak dat omtinken fertsjinnet. Mar it docht ek tinken oan puntetelling, sa’t dat yn de sport foarkomt. Dêrmei wurdt it begryp ‘punt’ yn de wedstriidsfear lutsen. Punten skoare om te winnen. Foar my giet it net om winnen of ferliezen. Ik hoech net te skoaren, mar ik woe wol sjen litte dat Ewoud Sanders syn ferhaal út ’e taal wei besjoen ek in oare kant hat.]
De opmerking oan ’e ein fan dyn lêste brief wol ik noch efkes op weromkomme. Om’t it op ’t lêst tafoege wie, stie it stikje yn in oare kleur. It liket my oersichtlik om dat hjir ek te dwaan.
De útdrukking ‘it ferskil meitsje’ wie en is foar my ûnbegryplik, omdat ik de betsjutting te letterlik nim. Dat dy wize fan sizzen út it Ingelsk komt, wist ik net en dat ferklearret in soad, want Ingelsk bin ik net sa goed yn. Mar ynienen kaam my in âld sankje yn ’t sin: ‘What a difference a day makes’. In tophit fan jierren tebek, wrâldferneamd. Miskien wol hûndert kear heard, mar de tekst nea achtslein. En nea begrepen dus. Is dat faaks it needlot fan poëzy? Dat in tekst yn in lyryske foarm wol in gefoel opropt, mar winliken net echt begrepen wurdt? It liet (de song) einiget mei in oandwaanlik ‘the difference is you’. Ik bin it ferskil dat in dei makket. Koe ik dát no mar begripe.
Mei freonlike groetnis,
Ed
It Hollânske ‘n-woord’ yn de media is fansels ‘klikaas’ werby ynspiele wurdt op de betsjutting dy’t yn it Ingelsk hat (n-word=nigger en dus net negro). Minsken tinke dan gauris dat it om it skeldwurd nikker giet, wylst it yn it echt om neger giet. ‘n-woord’ foar 2 ferskillende wurden werby de ien in skeldwurd is en de oare net is fansels idioat. Sawiesa is it idioat om yn de taal 1 (yn it Hollânsk 2..) wurd te hawwen dy’t jo skienber net sizze meie, noch los fan dat soargelike wurden as tsiiskop of spleeteach skynber net sa slim binne, en dan binne dan noch skeldwurden ek.
… syn lêstE, earste, twadde brief, ensfh., mei E …
“Syn lêst brief” is om my goed.
Brief is (by my) in it-wurd.
“UUs leaf dochterke” is ek yn oarder.
Henk Wolf skriuwt my dat “lêste” syn -e altyd behâldt, oars as “leaf” in grut mannich oare eigenskiopswurden. Hy sil grif gelyk hawwe. Ik bin mar in heal-native speaker.